Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Kieskompas Wetterskip no online

FNP: sûn wetter en droege fuotten

Sake van der Meer 2015 lyts   

 

Doch it Frysktalige Kieskompas en sjoch wêr't de FNP foar stiet yn it politike lânskip by it Wetterskip. Under it motto 'sûn wetter en droege fuotten' docht de FNP fansels ek dit kear wer mei. 

 

Sake van der Meer

FNP listlûker Wetterskipsferkiezings 18 maart 2015

 

Reaksje? Mail sake.van.der.meerfnp.frl

 

De FNP wol in bettere taakferdieling tusken de Provinsje, it Wetterskipsbestjoer en de gemeenten. It Wetterskip heart as tsjinstferlienende organisaasje ticht by de boarger te stean, goed berikber en leechdrompelich. De FNP wol dat it Wetterskip syn wurk docht yn gearspraak mei boargers, boeren en bedriuwen en minder fan boppe-ôf. As oerheidsynstelling yn Fryslân heart dêr ek in fanselssprekkend plak foar it Frysk by.

 

De FNP stiet wol foar in hoeden en ferstannich finansjeel belied. Wy wolle mei sa leech mooglike maatskiplike kosten de wettertaken útfiere. De FNP giet foar it belied en it tadielen fan kosten by wetterkwaliteit en - kwantiteit út fan it prinsipe ‘de fersmoarger betellet'. Finansjele tebeksetters lykas mei de ruilferkavelingsgemalen wol de FNP net de mienskip foar opdraaie litte. Wy binne dêrom tsjin gruttere peilfakken wêryn't de belangen fan rekreaasje, natuer, kultuerhistoarje en lânskip wer ûnderstek dien wurde. Lykas no yn de plannen foar de Fryske greidhoeke.

 

Us stribjen is dat de boeren yn Fryslân ek yn de takomst noch goed buorkje kinne, en tagelyk yn de wetterhúshâlding mear rjocht te dwaan oan de oare maatskiplike belangen dy't der binne. Om genôch wetter fêst te hâlden moat der mear kapasiteit yn de boezem en de polders sels brûkt wurde en komme der mear oerrinpolders. De boeren krije foar dizze ‘griene en blauwe maatskiplike tsjinsten' in fergoeding fan de oerheid.

 

Der is oan Fryslân tasein dat net ien der hjir kwa feiligens op efterút gean soe. Droege fuotten 20 is in nasjonaal feiligheidsbelang, de oare provinsjes moatte dêroan solidêr meibetelje. Duorsum wetterbehear betsjut foar de FNP dat it ferlet fan hjoed net te'n koste gean mei fan it ferlet fan de takomstige generaasje en dat lânskip en boaiem net skeind wurde meie. De FNP is dêrom tsjin gegriem mei CO2-opslach, skalygaswinning en opslach fan gemysk- of radio-aktyf ôffal yn de Fryske boaiem en nije gas- en sâltwinning.

 

Natuer yn Fryslân hat alles te krijen mei wetter. Dêrom hat it Wetterskip ek in ferantwurdlikheid foar de Fryske natuer. By it behear fan wetter en lânskip giet de FNP út fan in greidefûgelfreonlike oanpak. It is wol dúdlik dat djipteûntwettering en oare yntinsivearring fan it greidebehear, mei oarsaak binne fan de boaiemdelgong. Dêrom moat it grûnwetter nei in heger peil werom brocht wurde. Yn de djipste polders moat dêrom mear romte komme foar wetter, wiete natuer of wetteropfang. Om de natuergebieten hinne wol de FNP peilbehear mei minder yntinsyf buorkjen.

 

De FNP wol jild frijmeitsje foar eksperiminten en skeaherstel. Dat jildt ek foar de skea troch pealrot. Fanwege it belang fan de sportfiskers foar rekreaasje en ekonomy wolle wy de stipe fan it Wetterskip trochsette. It Wetterskip moat ek stean foar de útfiering fan it ‘draaiboek iiswille'.

 

 

Klik hjir nei it folsleine FNP Wetterskipsprogram 2015



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)