Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Fragen oer gefolgen CO2-fûnis Urgenda foar feangreidegebiet

FNP yn Algemien Bestjoer Wetterskip Fryslân

Jan van der Kooi 2015 lyts   

Urgenda hat okkerdeis gelyk krigen fan de rjochter yn harren saak tsjin de Nederlânske Steat oer de CO2-útstjit.  De Wetterskipsfraksje fan de FNP wol no witte wat de gefolgen fan dit fûnis binne foar it belied fan Wetterskip en Provinsje yn it feangreidegebiet. De oksidaasje fan it fean is yn ús provinsje in wichtige boarne fan CO2-útstjit. De Wetterskipsfraksje hat it punt oankaart yn de AB gearkomste fan 30 juny.

 

Jan van der Kooi

AB-lid foar de FNP

 

Reaksje? Mail jan.van.der.kooifnp.frl  

Wurdfierder Jan van der Kooi freget oan it DB en AB fan it Wetterskip nei de ekstra kosten dy't troch de útspraak fan de rjochter ûntstean kinne. Draait faaks de lânbou hjir foar op? Of de algemiene belestingbeteller? En slacht dit ek werom op de provinsjale Feangreidefisy? Van der Kooi ferget it Deistich Bestjoer om mei faasje nei te tinken oer de gefolgen foar útfiering en finânsjes foar it Wetterskip. Hy hat by it DB om in memo frege dy't oanjaan moat hoe't it Wetterskip op dizze ûntwikkeling yn tinkt te stekken.

 

It is mooglik de oksidaasje fan it fean en dus de ekstra útstjit fan CO2 te ferminderjen. Bygelyks troch it wetterpeil te ferheegjen yn it fean. De Europeeske Uny stelt miljoenen beskikber om ta in CO2-earme griene ekonomsyke groei te kommen. Djoere maatregels yn it feangreidegebiet soene hjir foar in part mei betelle wurde kinne. De Steatefraksje fan de FNP hat hjir yn jannewaris noch in moasje oer yntsjinne, dy't unanym oannaam is.



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)