Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Lof foar skôgings FNP yn Wetterskip

Degelike bydrage Sake van der Meer

Foto gemaal
 Sake van der Meer FNP 4230  

 

De Algemiene Skôgings yn it AB fan it Wetterskip binne goed ferrûn foar de FNP. De fraksjefoarsitter krige nei de tiid lof taswaaid foar syn degelike bydrage.

 

Sake van der Meer, fraksjefoarsitter

Reaksje? Mail sake.van.der.meerfnp.frl

 

Oan de oarder wiene it Wetterbehearsplan 2016 en it Mearjierreperspektyf 2015-2021. Fierder hat de FNP noch fragen steld oer it baggerjen fan de Krúsbrekken by Tersoal.

 

Van der Meer frege om te begjinnen om de term ‘skjin wetter' tenei te ferfangen troch ‘sûn wetter'. Fierder woe hy witte wat it Deistich Bestjoer (DB) docht om oerheden, de lânbou en de boargers tichter by elkoar te bringen, yn stee fan dat elk mar foar syn eigen belang oan de gong giet.

 

De FNP is noch hieltyd fan betinken dat de oare provinsjes solidêr meibetelje moatte oan de seediken. Ynwenners fan Fryslân as plattelânsprovinsje is tasein dat net ien der kwa feiligens op efterút gean soe. In hegere bydrage foar de Fryske ynwenners ten opsichte fan de Rânestêd wol de FNP perfoarst net.  Bergingspolders dy't by in soad rein lokaal it ekstra wetter opfange kinne, bliuwt de FNP in foarstanner fan. Lyksa de fiskfreonlike passaazjes by gemalen en sintrales.

 

By it finansjele Mearjierreperspektyf wol de FNP ta op in goed lykwicht tusken de needsaaklike ynvestearingen yn it takomstige wetterbehear oan de iene kant, en it beheinen fan de lesteferswierring foar de minsken oan de oare kant. De FNP wol dat de feroarsakers fan boaiemdelgong, benammen de mynboubedriuwen mei har gas- en sâltwinning, betelje foar it ekstra fersakjen fan de seediken. No komme dy kosten foar rekkening fan de belestingbeteller.

 

De FNP warskôget foar hege kapitaallêsten yn de takomst troch alle gemalen dy't no boud of fernijd wurde moatte.  Mei de krimp, minder meibeteljende ynwenners, hegere kosten en in lege yndeksearing kinne wy aanst net werom nei legere wetterskipslesten, sa stelt Van der Meer. De FNP fraksje wol dat it Wetterskip dit takomstperspektyf better yn kaart bringt.



Downloads:
Skriftlike fraach baggerjen krúsbrekken
FNP skôgings wetterbehearsplan 2016
FNP fyzje op it mearjierreperspektyf


Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)