Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP: Wetterskip te maklik oer wetterhûshâlding sâltwingebiet

Mûnlinge fragen FNP yn it Algemien Bestjoer

Wopke Veenstra lyts   

It Wetterskip tinkt te licht oer de problemen mei de wetterhûshâlding yn it sâltwingebiet fan Frisia. De heechweardige ferbou fan poatjierappels komt yn'e knipe. Dat seit de FNP nei in wurkbesite oan Noardwest-Fryslân. De FNP wetterskipsfraksje hat mûnlinge fragen steld yn it Algemien Bestjoer oer de boaiemdelgong, de fersilting, en de skeafergoeding troch Frisia.

 

Wopke Veenstra

Reaksje? Mail wveenstrawetterskipfryslan.nl

 

 

Deistich bestjoerder Boon (CDA) fan it Wetterskip stelde op de fragen fan de FNP dat der gjin ekstra fersilting optrede sil yn it sâltwingebiet. Der sille maatregels nommen wurde lykas in peilferheging yn in strook efter de seedyk. Ek wurdt it peil yn de rest fan it gebiet net mear ferlege om ‘tsjindruk' tsjin it sâlte grûnwetter te jaan. Fierder sil yn inkele stikken it wetterpeil struktureel heger wurde.

 

FNP wurdfierder Wopke Veenstra hjirop: ‘Der is op dit stuit al ekstra fersilting yn it sâltwingebiet troch de boaiemdelgong as gefolch fan de sâltwinning. Troch dizze maatregels te nimmen erkent it Wetterskip ymplisyt dat der wol deeglik in probleem is. Hoe kinne jo dan sizze dat der gjin ekstra fersilting komme sil? It sâlte grûnwetter en de fermindere droechlizzing fan de perselen binne in grut probleem foar de wichtige tylt fan poatjierappels. Dat heechweardige produkt  foar de eksport komt yn'e knipe. It DB fan it Wetterskip tinkt fierstente licht oer de problemen.'

  

Anna Martha van der Mei fan de FNP Steatefraksje stelt : It gebiet kin as it sa trochgiet syn besteande funksje foar de ikkerbou net behâlde. Der is boppedat noch gjin dúdlikheid oer de skeafergoeding dy't Frisia oan de streek betelje sil. Wurdt it in ôfkeapsom lykas by de earste sâltwinput Barradiel I of in útfiering fan wurken geandewei wêrby wy mar sjen moatte hoe djoer as it wurdt? De garânsjes dy't neffens it Wetterskip sa solide binne, kinst neffens ús net mear fan út gean mei de nije diskusje oer winning by Skingen-Slappeterp. Wy wolle dat de Twadde Keamer yn aksje komt en minister Verhagen oan syn eardere tasizzingen hâldt. Oars komt dit op'e kop ferkeard foar de ynwenners en de ekonomyske takomst fan it gebiet.



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)