Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP: Woudagemaal faker yn bedriuw

Stoomgemaal soe grutte publykslûker foar Fryslân wêze

Lolke Folkertsma lyts   

 

De FNP Wetterskipsfraksje wol it Woudagemaal op'e Lemmer faker yn bedriuw hawwe. De FNP freget yn it Wetterskipsbestjoer wat de kosten, opbringsten en mooglikheden binne. It gemaal soe in grutte publykslûker foar Fryslân wêze.

 

Lolke Folkertsma, fraksjefoarsitter

FNP Wetterskipsfraksje

 

Reaksje? Mail lfolkertsmawetterskipfryslan.nl

 

 

 

 

 

"It soe in goede saak wêze dat it gemaal yn' e simmer en yn fakânsjeperioaden ek yn bedriuw is"  sa stelt Lolke Folkertsma fan de FNP Wetterskipsfraksje. Yn de ôfrûne perioade fan wetteroerlêst kamen der mar leafst 15.000 minsken yn ien wike. It gemaal iepen yn de fakânsjeperioade betsjut in enoarme publykslûker mar is ek in prima oanbod en ferbreding yn de toeristyske elkwaar foarsjennings, neffens Folkertsma.

 

De FNP Wetterskipfraksje wol no witte wat de kosten en opbringsten fan de iepenstelling fan it Woudagemaal tidens de wetteroerlêst perioade 2012 west hawwe. De fraksje freget hokker mooglikheden as it DB fan it Wetterskip Fryslân sjocht om it Woudagemaal faker yn bedriuw te stellen. "Miskien it Hooglandgemaal by Starum op bepaalde mominten mar ticht hâlde en it Woudagemaal  iepen " sa seit Folkertsma .

 

 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)