Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP: oerlooppolders earder ynsette by wetteroerlêst

Foldwaande opfang neist gemaalkapasiteit bepalend

Lolke Folkertsma 2012   

 

Neffens de FNP yn it Wetterskip Fryslân hiene de retinsjepolders folle earder ynsetten wurde kinnen en moatten by de lêste wetteroerlêst perioade. Der is in protte argewaasje by de befolking ûntstien. In gefoel fan ûnfeiligens waard oproppen. De FNP wol no witte wat de kosten fan de ynset fan retinsjepolders binne.

 

Lolke Folkertsma, fraksjefoarsitter

FNP Wetterskipsfraksje

 

Reaksje? Mail lfolkertsmawetterskipfryslan.nl

 

 

Moandei 23 jannewaris fynt yn it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân de evaluaasje fan de wetteroerlêst plak.  De wetterskipfraksje fan de FNP hat grutte fragen by de wol hiel lette ynset fan retinsjepolders/ opfangpolders. "It komt oer as dat 1 minút foar tolven de retinsjepolders pas ynsetten binne " neffens FNP wetterskipsbestjoerder Lolke Folkertsma. De fraach is fierder hoefolle retinsjepolders as der mei inoar yn it wurkgebiet fan Wetterskip Fryslân beskikber binne. En oft dat tal tarikkend is foar de opfang fan wetter om de druk fan de Fryske Boezem ôf te heljen.

 

It wie no dreech op de Lauwersmar ôf te wetterjen trochdat de ôfwettering fan Grins al foar in folle mar soarge.  Boppedat betsjutte heech wetter faaks dat der net spuit wurde koe op Lauwerseach.  De FNP wol no witte oft dizze kwetsberheid net beheind wurde kin troch it pleatsen fan mobile pompen by Lauwerseach. Op dy wize hie Fryslân fia Dokkumer Nije Silen wer wetter kwyt kinnen. De FNP wol in robúst wettersysteem. Neffens wurdfierder  Lolke Folkertsma is in gearhing tusken foldwaande retinsjepolders en goede gemaalkapasiteit bepalend. "Der moat no dike wurde want oars wurdt it yn'e takomst wike", sa stelt Folkertsma. 

  

 



Downloads:
FNP fragen wetteroerlêst jannewaris 2012

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)