NIJS   15-11-2019


[Bloch] De stêd wurdt foarlutsen en it plattelân mei betelje.

It is sa fier. As in oerwinning fierden guon partijen woansdei dat in stik as wat stêden ek oanspraak meitsje meie op in aalmoes út Den Haach wei. Ien fan dy stêden is Ljouwert. Jo witte it wol, dy stêd mei de nepdoarpen. De stêd dy't al jierren ús plattelân leech lûkt en dêr't omlizzende doarpen foar knibbelje moatte as it om wentebou giet. Lokkigernôch hawwe in pear doarpen út it eardere Menameradiel harren ferstân brûkt nei de weryndieling.

"Beskamsume Haachske ferhierdersheffing" ([Bloch] Sijbe Knol en Jan-Willem Tuininga)

It giet hjir oer de ferhierdersheffing. In heffing oer de WOZ-wearde fan in hierwenning. Elts jier ferdwynt der sa mar leafst 2 moanne oan hier. Dit moatte de wenningkoporaasjes ôfstean oan Den Haach. Yn totaal betellet Fryslan jierliks sa'n 40 miljoen oan de rânestêd. It regear pakt op dizze wize 1,7 miljard per jier en dielt no hjirfan 100 miljoen wer út oan stêden mei "woningnood".


It is beskamsum dat ús plattelân en lytsere doarpen en stêden kapitalen ôfdrage moatte en der neat fan werom krije. It kolleezje yn Ljouwert sil der mar wat wiis mei wêze. De lobby fan it kolleezje wie sterk, mar allinich rjochte op de ‘grutte' stêd. Jo meie fansels in kampanje allinich foar de stêd fiere mar der is mear. Tink ek oan it leefber hâlden fan ús doarpen en it duorsum meitsjen fan de besteande wenningfoarried.

Underwilens binne der tal fan gemeentes en provinsjes dy't harren útsprekke tsjin dizze beskamsume heffing. Sels yn de ried fan Ljouwert is dêrta in moasje oannaam.

De wethâlder hat him lykwols wat oars ynterpetearre. "Ik lees hem zo, dat wij een sterke lobby moeten voeren om ook aanspraak te maken op het potje". Mei ‘het potje' hat dizze wethâlder it oer de aalmoes.

It soe it bestjoer yn Ljouwert siere om solidêr mei it efterlân te wêzen en no net de flage út te hingjen mar mei te gean yn de striid. De striid foar in leefber Fryslân yn doarp, stêd en streek. Dêrby kinne wy it jild fan de ferhierdersheffing hjir hiel goed sels brûke.

Sijbe Knol FNP Steatefraksje
Jan-Willem Tuininga fraksjefoarsitter FNP Ljouwert



Tags: bloch, wenje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer