NIJS   11-12-2019


[Bloch] Bestjoerlik Fryslân hat in klap fan de (wyn)- mûne hân

Nei tal fan oare gemeenten yn Fryslân seach ôfrûne woansdei ek de Ljouwerter gemeenteried harren kâns om in statement tsjin ús lânskip te meitsjen. PAL GrienLinks wol dat alle doarpen yn de gemeente Ljouwert in wynmûne fan mar leafst 100 meter delsette meie. Boppedat soe der romte komme moatte om it folsleine bûtengebiet fol te plantsjen mei de lytsere fariant, de saneamde Grinzer wynmûne fan 15 meter heech. Noch slimmer: einliks soe hiel Fryslân dy romte ha moatte, sa wie de oprop.

"Meitsje fan ús lânskip gjin enerzjyfabryk" (Jan Willem Tuininga)

Ik kom al jierren op ús moaie eilân Skylge. Wannear wy dêr mei moai helder waar op in hege dún stean en nei ús moaie Fryske fêstelân sjogge, dan binne der in pear werkenbere punten. De Achmeatoer yn Ljouwert en tal fan tsjerketuorren. As it oan GrienLinks leit, dan komme der aanst nochris 400 pylken by. Mûnen, better sein: gehakmûnen, dy't it ek de lêste greidefûgels noch dreger meitsje sille. Yn dat ljocht is it ek net te ferklearjen dat in partij foar de bisten( PvdD) dit ferhaal stipe ôfrûne woansdei.  Sels it CDA yn de haadstêd stipe it. Nei it debakel yn de Fryske Marren mei de sânwinning, wie fansels al dúdlik dat lokale ôfdielingen fan dy partij it lânskip net al te heech yn it findel stean ha. Ik hoopje dan ek fan herte dat de provinsjale takke fan dizze partij wurd hâldt en it provinsjale bestjoersakkoart neilibbet.

It is mar goed dat de provinsje oer de ynpassing fan wynmûnen giet en it Fryske bestjoersakkoart dêr dúdlik yn is. It ferlechje dat Fryslân oars net genôch enerzjy opwekket foar de klimaatdoelstellingen kin fuort en daliks it jiskefet yn. Mei it nije wynpark wekket Fryslân al hast 6 persint op, wylst ús provinsje mar 4 persint fan alle enerzjy yn Nederlân ferbrûkt. It soe better wêze dat bestjoerlik Fryslân noed hat foar ús lânskip en ús provinsje net as wynmûne-wingewest foar it Ryk yn de etalaazje set.

Dêrom sizze wy: Meitsje fan ús lânskip gjin enerzjyfabryk.

Jan Willem Tuininga
Fraksjefoarsitter FNP Ljouwert



Tags: bloch

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer