NIJS   30-05-2020


Sijbe Knol: Grutte romte foar it lytse

Twongen troch in firus waard de wrâld in pear moanne lyn yn ien kear in stikje lytser, alteast sa fielde it foar my. No in pear moannen letter freegje ik my lûd op ôf oft ik in lytsere wrâld ek slim fyn? Want is lytser minder? Opsletten foar it doe noch ridlik ûnbekende, tekene der him in nije yndieling fan de dei ôf. Eltse dei tusken it thús wurkjen troch die ik in slach oer de Ouwe Dyk boppe Sint Anne.

Op it paad werom troch it doarp, seach ik drokte by de beide grientewinkels en de Bildtse Bouwmarkt hie in soarte fan skihut makke yn de iepening fan de winkel om oan de rigels fan it RIVM te foldwaan. Johnny fan Snackbar ‘De Smâle Kant' wie al like kreatyf en hie in wetterticht systeem betocht mei skiljen, tikkies en opheljen. Fierderop yn de provinsje wie it in grutte drokte by de streekboer, tal fan artysten soargen belangeleas by ús âlderein foar fertier, elk wurke thús en de digitale bingo's wiene in grutte hit.  

As dizze koroana-krisis ien ding dúdlik makke hat is dat wy hjir yn Fryslân hiel bot befoarrjochte binne. Wat wy, mar ek de minsken yn regio's lykas de Achterhoek, Twinte, Seelân en Limburch al lang wisten, wurdt yn ferstedske Nederlân no pas op ‘ e nij wurdearre, dy rinne wat efter. It is de romte om ús hinne, de natuer, it iepen fjild en de krêft fan it lokale, it binne de minsken. De ‘mienskip' - yn 2018 in slim misbrûkt wurd - liet sels sjen wat de wiere betsjutting fan it wurd is. Gjin reklame utering mar in wurd mei ynhâld. Wêr't twa jier ferlyn in klupke minsken ús befrije woe fan it ‘suikerbroodsyndroom' / de ‘kneuterigheid' is it no krekt it lytsskalige dat minsken der trochhinne skuorde. 

It is tiid om de kaart om te draaien. De iepen regio mei syn romte is de takomst. It is dêr wêr't it lytse grutte romte fertsjinnet. Litte wy in oar dêr ek wat fan gunne. 



Tags: Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer