NIJS   19-06-2020


De wolf (it earlike ferhaal)

Woansdei wiene wy tsjûge fan de grutste kolder yn dizze bestjoersperioade fan Provinsjale Steaten oant no ta. In rjochts blok wol de wolf út Fryslân wei hâlde. Yn it foar oppere Marten Dijkstra fan de VVD yn in artikel fan it lânboublêd Nieuwe Oogst dat der in stek om Fryslân hinne moat. Fan ’e Lemmer oant en mei Lauwerseach. Sjogge jo it al foar jo?

"Stek om Fryslân en mei pylkjes yn de bosk lizze?" (Sijbe Knol)

It kaam noch slimmer. In oare mooglikheid neffens it rjochtse blok wie om it bist te ferdôvjen, yn in buske te smiten en op in oar plak bûten de provinsje wer frij te litten. 

 

Moatte aanst minsken mei pylken yn de boskjes oan de Fryske grinzen lizze? Moatte der grinsposten komme om reeën en dassen wól troch te litten? Dat je de fraach lûd op stelle moatte yn in Steategearkomste jout al oan hoe ridikúl it is. 

 

De wolf is sûnt in pear jier werom yn Nederlân. De mooglike komst fan it bist krige in pear jier ferlyn myn ynteresse. Der is op it stuit in grut ûnbegryp oer de wolf. Gelokkich liket neffens ûndersyk fan Minister Schouten der wol hurd mear begryp te kommen.

 

Efkes wat feiten. In wolf hat idealiter in territoarium fan sa'n 250 fjouwerkante kilometer. Yn it kultuerlânskip fan Nederlân kin hy ta mei op syn minst 75 fjouwerkante kilometer. Yn fergeliking: it hiele Drintsk-Fryske Wâld is 61 fjouwerkante kilometer. Sûnt de wolf him fêstige hat op de Feluwe bestiet syn fretten út de bisten dy't dêr libje. Skiep en oare buorkerijbisten wurde op de Feluwe eins net mear opfretten.

 

De wolven dy't it measte skea dogge binne de bisten dy't op ‘e siik binne nei in eigen territoarium. Fergelykje it mar mei in fakânsje nei Súd-Frankryk: jo stopje dan op de reis dernei ta ek by in tankstasjon en helje gau in snack, yn plak fan in pantsje borgers of bildtstar klear te meitsjen. Sa is it mei de wolf ek.

 

De rjochtse partijen ferwieten de tsjinstanners fan de moasje dat sy nayf wiene. Mar krekt ferline wike wie der noch in útspraak fan it Europeeske Hof. De wolf is maksimaal beskerme. ‘Beheren en weren', sa't it rjochtse blok wol, mei út noch yn net. Oft de wolf no hjir omstrúnt of yn it Swarte Wâld of yn Poalen, de beskerming is itselde en dêr sil troch de aksje yn Fryslân gjin feroaring yn komme. Nei alle ferkearde opmerkingen en mispleatste feiten woansdei is dat miskien mar goed ek. Wa is hjir no nayf?

 

Link nei it artikel yn Nieuwe Oogst



Tags: libje yn fryslan, natuer en lanskip

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer