NIJS   22-09-2020


De Lelylijn moat der foar Fryslân wêze

De Lelylijn, de nije spoarlijn tusken de Rânestêd en Grins, is de lêste wiken wer bot yn it nijs. Benammen it Súdeasten fan ús provinsje krijt mei it nije spoar bettere OV-ferbiningen en it is teffens in earste stap op wei nei snelle ynternasjonale treinferbiningen mei East-Fryslân, Noard-Dútslân en Skandinavië. Nei de oanlis is Swolle ek net langer de flessehals foar it treinferfier tusken it Noarden en de rest fan Nederlân.

Grutskalige ferstêdliking net nedich
Ut in foarriedige stúdzje dien yn opdracht fan it Ministearje fan Ynfrastruktuer en de trije noardlike provinsjes, docht bliken dat de lijn sa al rendabel wêze sil. Yn dy stúdzje waarden ek in pear senario's trochrekkene om te sjen wat it effekt is fan grutskalige nije ferstêdliking fan Emmeloord, It Hearrenfean, Drachten en Grins, mei 100.000 ekstra wenningen ticht opinoar boud. Dy senario's binne foar in rendabele eksploitaasje fan de nije Lelylijn hielendal net nedich.

 

Wy fine dat by de oanlis fan de nije Lelylijn útgien wurde moat fan wêr't Fryslân en de Friezen sels ferlet fan hawwe. De spoarlijn moat passe by de aard, skaal en it karakter fan ús provinsje. Dat betsjut dat de nije lijn goed ynpast wurde moat yn ús lânskip, by foarkar bygelyks by de besteande rykswegen A6 en A7 del. Yn dat opsicht is de Lelylijn, mei gewoan spoar op meanfjild, folslein wat oars dan de magneetsweefbaan op hege peallen dy't guon minsken tweintich jier lyn op itselde trajekt bouwe woenen.

 

De Lelylijn mei gjin aliby wêze om grutskalige stêdebou yn gong te setten dy't net past by ús Fryske identiteit en ús Fryske lânskip. Wurkjouwersorganisaasjes dy't hjir in lobby op fiere gean net oer de ynrjochting fan ús lânskip. De stúdzje stelt oars ek de fraach hoe ‘maakbaar' sokke plannen eins binne. Wy leauwe der net yn.


De leie sels yn hannen
Wy moatte hjir net besykje de wenningneed yn de Rânestêd op te lossen. Us iepen lânskip opofferje soe ôfbreuk dwaan oan de skaaimerken dêr't Fryslân om wurdearre wurdt. De ôfwaging tusken lânskip en nije romtlike ûntwikkelingen moat tichtby yn de regio sels makke wurde. Net fan op grutte ôfstân troch de lanlike oerheid, sa't Minister Ollongren op it stuit opperet.

 

Aard, skaal en karakter. Dêr giet it de FNP om. Genôch wenningen foar ús befolking, foar in priis dy't de ynwenners fan Fryslân betelje kinne. Ek yn de doarpen en stêden dy't net oan de Lelylijn lizze. Fryslân hat in geweldige ynfrastruktuer; de stasjons oan de line binne dan ek maklik te berikken. Mei goeie ferbiningen mei de rêst fan Europa en de wrâld is neat mis. Dat der troch de nije spoarlijn wat ekstra minsken nei Fryslân komme, dêr hawwe wy folslein gjin problemen mei. Dat kin Fryslân sterker meitsje. As de Lelylijn der op in goeie wize komt, biedt dat in soad kânsen foar Fryslân. 



Tags: ferfier yn fryslan, natuer en lanskip, wenje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer