NIJS   14-11-2020


Fryslân fertsjinnet better

‘Denk jij ook dat Land in Friesland aan het einde van de wereld ligt? Of je er misschien bijna vanaf valt? Dat je minstens een dag moet uittrekken voor de reis en zeker niet op reis moet zonder een flinke koelbox en thermoskan?’ En ‘Wij hebben de naam stug te zijn en onze eigen taal te praten.’

Mei dizze teksten besiket de stifting Regio Marketing en Toerisme (RMT) yn de regio ‘’Noordoost-Friesland’’ de toerist nei it gebied te heljen. Besteande foaroardielen en stereotipen wurde noch mear oandikke. Want sa sei de regiomarketeer ôfrûne tongersdei tsjin Omrop Fryslân: ‘In goede eigenschap fan de Friezen is de selsspot, en as de minsken hjir dan komme dan falt it se erg ta.’


"Fryslân fertsjinnet better" (Bert Koonstra, Aant Jelle Soepboer, Sybren Posthumus, Sijbe Knol)

Wy binne hielendal klear mei dy stereotipen. De tiid dat wy dêr wat ûngemaklik by gnize moasten leit ek yn de foarige iuw.  Dat jo mei mienskipsjild net better by steat binne om Fryslân en de regio mei selsbetrouwen yn 'e merk te setten, jout te tinken. Fryslân fertsjinnet better.

 

No stiet de kwestje yn Noardeast-Fryslân net op himsels. Fryslân-breed is der in beweging geande wêryn't wat ús eigen is net goed genôch mear is. De toeristyske organisaasje RMT wurket gear mei it gruttere Merk Fryslân. Dy organisaasje hat as doel om de versnippering tsjin te gean, sa falt ek op de webside te lêzen. ‘Vermarketing van de regio doet de stichting zelf, in samenwerking met de provinciale marketingorganisatie Merk Fryslân. Speerpunt is dat we versnippering in Friesland tegengaan'. Yn dat ljocht is de ferbastering fan Noardeast-Fryslân ek wol te ferklearjen.

 

Yn septimber lansearre Merk Fryslân de kampanje ‘Wereldreis in Friesland'. Friezen moasten mear yn de eigen regio op fakânsje gean. In moai stribjen. Mar ek hjir wie de teneur dat wat wy hawwe net goed genôch is. De Aldehou waard ferbastere ta Pisa, de Westhoek waard de Sahara en de Twizelermieden is tsjinwurdich it Grykske eilân Lesbos. Oh ja, dat alles ûnder de namme ‘Friesland Style'. Lit dúdlik wêze, dat is net ús styl. Fryslân fertsjinnet better.

 

Yn har oanstriid om de selsbeneamde fersnippering tsjin te gean hat Merk Fryslân noch in oare eigenskip, neist it twingend oplizzen om ôfstân te dwaan fan wat eigen is wurdt der yn Fryslân ek gjin romte mear litten foar inisjativen fan ûnderop. De regio Noardwest-Fryslân en in part fan de Greidhoeke hienen Bestimming Noardwest-Fryslân as toeristyske organisaasje. Fan ûnderop oanjage troch ûndernimmers yn de regio waard dat in organisaasje dy't mear as 700 toeristyske bedriuwen fertsjintwurdige. Ljouwert luts de subsydzje yn en Waadhoeke en Harns holden ek gjin hoek, it moast ûnderbrocht wurde by Merk Fryslân. In rûntsje langs de kanalen fan Bestimming Noardwest lit sjen dat Merk Fryslân se folslein ferwaarleaze hat. Der is net folle mear fan oer.

 

Is dat wat wy wolle yn Fryslân? Promoasje, sûnder rûmte foar eigenheid, it fuortpoetsen fan taal en kultuer, sintraal oanstjoerd? It wurdt tiid dat gemeenten en provinsje har rol pakke. Stel stevige kritearia by de subsydzje-betingsten en jou Fryslân wat it fertsjinnet. Fryslân fertsjinnet better.

 

Bert Koonstra, fraksjefoarsitter FNP Noardeast-Fryslân,
Aant Jelle Soepboer, riedslid FNP Noardeast-Fryslân,
Sybren Posthumus, wurdfierder Toerisme FNP Fryslân en
Sijbe Knol, fraksjefoarsitter FNP Fryslân



Tags: kulturiele haadsted, taal en kultuer, wurkje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer