NIJS   18-11-2020


Bêste Rânestêd-ynwenner, bliuw fan ús karbyd ôf

Oersetting út de twadde Rykstaal fan in iepen brief oan de ynwenners fan de Rânestêd en de boargemasters fan Amsterdam, De Haach en Rotterdam

"Bêste Rânestêd-ynwenner, bliuw fan ús karbyd ôf" (Sijbe Knol en Aant Jelle Soepboer)

Yn de perifeare regio's is de lêste dagen in wiere run op karbyd ûntstien. Karbyd-toerisme út it westen is in nij fenomeen. In lanlik fjoerwurkferbod, de langstme nei sosjale kohesy en wat ferdivedaasje hawwe der foar soarge dat it karbydsjitten noch nea sa populêr west hat. Neffens tradysje binne freonegroepen yn de provinsjes oan de rânen fan Nederlân no al dwaande mei de tariedings. Yn in soad doarpen giet it út fan in freonegroep, dy't it karbydsjitten organisearret en ek ferantwurdlik binne foar it âldjiersfeest. In tradysje dy't troch de jierren hinne ûntstien is. De gemeenten hawwe yn it trajekt fan de fergunningferliening nau kontakt mei dy groepen en witte hoe't sy dêrmei om gean moatte.

 

Dêr't wy gewoanwei de ynwenners fan de Rânestêd graach wat mear fan ús rêst, romte en libbenswize gunne, freegje wy dit jier útdruklik: bliuw fan ús karbyd ôf. Mei de run op karbyd dy't der no ûntstien is nimme ek de risiko's ta. It is wachtsjen op it earste deksel dat op âldjiersjûn oer it Leidseplein jage wurdt. Bêste ynwenner, bêste boargemoaster: nim de ferantwurdlikheid foar jo eigen stêd en gun it plattelân syn tradysje. Wy litte jo ek graach mei rêst.

Mei freonlike groetnis,
Aant-Jelle Soepboer
Sijbe Knol
FNP Fryslân



Tags: jongerein, libje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer