NIJS   08-03-2021


[FNPodcast] #7 - TK ferkiezingen

De podcast fan de FNP heakket yn op maatskiplike en politike tema's. In noflik petear ûnder it autoriden, yn dyn pauze of gewoan op bêd!

Seizoen 2021, ôflevering 1

 

37 Partijen, mar neat te kiezen!

 

De earste FNPodcast fan 2021 giet oer de Twadde Keamer ferkiezing. Sijbe Knol, Wouter Wouda en Aant Jelle Soepboer prate yn dit ramt oer ferskate lanlike partijtema´s lykas it Deltaplan foar it Noarden, 75% minder fee, kearnsintrales yn Grinslân en oare grutte saken, mar boppe-al oer de fraach wat der foar Fryslân te kiezen falt.

 

✅ Yn in lyts healoere spegelje hja de Fryske saak oan jierren fan Haachsk belied en beloften en komme ta in nijsgjirrige konklúzje. Harkje no!





Tags: ferkiezings, fnp fryslan, podcast

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer