NIJS   11-02-2021


Stjoer oer eigen libben en eigen omjouwing.

Takom wike giet it oer bestjoerlike fernijing yn de Steaten fan Fryslân. At wy echt de bestjoerlike krêft fan Fryslân fersterkje wolle is der in yngreven feroaring nedich. Guon útstellen kinne mei helpe om de earste stappen te setten. Mar de diskusje soe folle fûneminteler wêze moatte, wol it debat oer bestjoerlike fernijing wier impact hawwe.

Eigen bestjoerlik hûs
Fryslân hat yn Nederlân in bysûndere posysje. It hat in sterke identiteit: in eigen skiednis, taal, kultuer en lânskip. Mei minder as in eigen bestjoerlik hûs kin it dêrom net ta. Mar de trend yn Nederlân is krekt de oare kant út: grutter, anonimer en ôfstanliker. De regearing hat it tsjintwurdich oer ‘landsdelen' en ‘Het Noorden'. De skaalfergruttingen yn it iepenbier bestjoer, de rjochtspraak, it ûnderwiis, de soarch, de brânwacht en plysje, de wenningbouferieningen, dy soargje derfoar dat de skaal fan de oerheid net mear past by de mienskip, mar der krekt fan ferfrjemdet. It neo-liberalisme hat ús provinsje net goed dien.

 

Autonome romte
De provinsje Fryslân moat dêrom mei in dúdlike demokratyske legitimaasje mear eigen foech en ferantwurdlikheid krije. Wy wolle it eigen bestjoerlike hûs fan Fryslân op termyn yngreven ferbouwe: ferstevigje, ferbreedzje en ferbetterje. Dy ferbouwing is gjin doel op himsels, mar bedoeld om de ynwenners fan Fryslân safolle mooglik sels stjoer te jaan oer harren eigen takomst.

 

De sizzenskip oer publike foarsjenningen moat wer út de mienskip wei op in demokratyske wize legitimearre wêze. De berikberens en tagonklikens fan de publike sektor, de sûnenssoarch, folkshúsfêsting en ûnderwiis, dat is in saak fan ús allegearre. Dat kinne wy net allinne oan de managers en (partij-) pommeranten yn de rieden fan tafersjoch oerlitte.

 

Brede diskusje
De FNP wol dat der in brede diskusje ûnder de Friezen opset wurdt. Dy moat liede ta in folksrieplachting oer de fraach oft en hoe't Fryslân en de Friezen mear stjoer krije kinne oer harren eigen libben en harren eigen omjouwing. De provinsje Fryslân moat sels noed stean kinne foar de belangen fan syn ynwenners, yn oparbeidzjen mei de Fryske gemeenten en it Wetterskip, mei oplossingen dy't passe by Fryslân.

 

De fraach dy't neffens ús as earste steld wurde moat yn de folksrieplachting is: ‘Moat de Fryske boarger mear ynfloed krije op de beslútfoarming oangeande sikehûssoarch, boppegemeentlike soarchynstellingen en de folkshúsfêsting?' As de mearderheid fan de Fryske kiezers dan ja seit, moat it Frysk provinsjaal bestjoer mei De Haach ûnderhannelje oer de fraach hoe't dy gruttere ynfloed stal krije moat. Dêr heart ek in finansjeel statút by dêr't de ôfspraken op jild set wurde.

 

Middel gjin doel
It tinken oer bestjoerlike fernijing moat in proses wêze wêryn't ynwenners en politisy kontinu sykje nei de bêste wize om harren libben en harren omjouwing stal te jaan. De foarstellen dy't no yn de Steaten besprutsen wurde, binne aardich. Mar as wy echt de posysje fan Fryslân ferstevigje wolle is der wat oars nedich as it subsidiearjen fan tinkklupkes dy't ús oars ek wol fine; dêr binne wy net foar. Fersterkje de posysje fan Fryslân en brûk in partisipaasje-platfoarm, in digitaal rieplachtingsysteem om de Fryske mienskip op in represintative wize streekrjocht te hifkjen; net allinne lobby-groepen mei faak deselde polityk-kleurde minsken. Bestjoerlike fernijing is gjin doel op himsels mar in middel om te kommen ta in sterker bestjoerlik Fryslân.

 

Sijbe Knol
Fraksjefoarsitter FNP Fryslân.  



Tags: polityk bestjoer

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer