NIJS   06-05-2021


Opiny: Frijheid

Op 4 maaie steane we stil by de slachtoffers fan de twadde wrâldoarloch en de oarloch situaasjes en fredesoperaasjes dêrnei. Op 5 maaie fiere we de frijheid. De frijheid dy o sa swier befochten is oer de hiele wrâld. Wy meie ús lokkich priizgje dat wy dizze frijheid al 76 jier hawwe. Mar frijheid is net fanselssprekkend en frijbliuwend. Sûnt de twadde wrâldoarloch oan’t hjoed de dei is der net in dei op de wrâld west sûnder oarloch. Friezen en frijheid hat altyd al in gouden kombinaasje west, mar dat gunne je elkenien. Wêrom hat net elkenien dy frijheid krigen. Dat hat ferskate oarsaken.

Bygelyks in lân as Ruslân hat altyd al in ûnderdrukkende kultuer hân. De tsaren, Stalin, Brezhnef as Poetin. Allegearre dulde(n) se gjin tsjinspraak. Bist lestich dan giest der oan. Wat hat Ruslân de lêste jierren in protte minsken fergiftige yn binnen en bûtenlân. De opposysjelieder Aleksey Navalny dy't no yn in wurkkamp sit kin der oer meiprate. En je witte yn't foar wol it antwurd as je freegje of Ruslân der ek wat mei te meitsjen hat. Njet!  Sina en Noard Korea binne kwa frijheid en minskerjochten ek net foarbyld lannen. Lykas de Sovjet Uny eartiids, binne dizze maatskippijen basearre op it kommunisme.  Kommunisme liket op papier in geweldich systeem mar hat him bewiisd as in systeem dat net funksjonearje kin mei frijheid. De frijheid fan de minske. De frijheid fan tinken , de frijheid fan mieningsutering. Alle minsken binne neffens dit systeem gelyk, op de topmannen nei. De propaganda is dat alles lyk ferdield wurd. Yn de praktyk betsjut dat dat alle ellinde lyk ferdielt wurd. It kommunisme hat fan ôf 1917 soarge foar 94 miljoen deaden.

 

Lannen yn it Midden-Easten hawwe meastal diktatueren op religieuze basis en yn Afrika binne der altyd in soad diktators om't in soad lannen noch nea in demokrasy kinnen hawwe. Net echt lannen wêrby't je sizze "Dêr moatte we mei de boufak mar efkes hinne op fakânsje"

Yn ús lân giet it mei de ferskate affêren yn Den Haach ek  net echt lekker en de slachtoffers fan de taslaggen affêre binne swier skeind.

Ek it systeem om krityske lûden en leden yn in fraksje oan te pakken, lykas  Pieter Omtzigt fan it CDA oerkaam is, liket nearne nei. Dochs ferrast my dit net Dit bart op gemeentlik, provinsjaal en lanlik nivo in hiel soad en al hiel lang. Elke regearing as kolleezje wol leafst in fraksje hawwe mei "maklike" minsken. Net tefolle krityk, net tefolle lestige fragen en stimme op kommando.

 

Mar dochs kinne al dizze misstannen yn ús lân yn alle frijheid befrege wurde. Kinne sjoernalisten yn alle frijheid harren wurk dwaan (al stiet dat ek wolris ûnder druk). Kinne de slachtoffers publyklik harren ferhaal dwaan en moat de Minister presidint op foar it offer by in demokratysk keazen Twadde Keamer.

 

Ik einigje mei in kûplet fan it Frysk folksliet:

 

Fan bûgjen frjemd, bleau by 't âld folk yn eare,
Syn namme en taal, syn frije sin;
Syn wurd wie wet; rjocht, sljocht en trou syn leare,
En twang, fan wa ek, stie it tsjin.

 

Tjibbe Brinkman 



Tags: Algemien, Bloch

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer