NIJS   21-05-2021


Opiny: Stek spoar- en huzenjild yn eigen plannen

In folle bettere ferbining mei de Rânestêd, in soad huzen en in soad nije minsken. It Deltaplan biedt allegear kânsen. Mar wol kânsen dêr't wy goed oer neitinke moatte.

"Dêr slachtsje wy dan ús hin mei gouden aaien foar" (Geeske Krol & Hindrik ten Hoeve)

Der is de lêste wiken nochal wat skreaun yn dizze krante oer it Deltaplan voor het Noorden. Dat fertsjinnet it ek, want it plan hat de bedoeling om hiel wat te weech te bringen. In prachtich plan ommers: in folle bettere ferbining mei de Rânestêd, in soad nije huzen en in soad nije minsken.

 

Allegearre nije kânsen. Mar wol allegearre kânsen dêr't wy miskien earst even goed oer neitinke moatte en dy't dus net samar yn grut entûsjasme direkt omearme wurde moatte.

 

Reusachtige priis foar betelje 

Krekt dêr liket by guon wat mis te gean. Dat it âlde idee fan it Suderseespoar no wer nei foaren komt yn de foarm fan it Lelyspoar bringt blykber provinsjes en gemeenten sa de holle op hol dat dêr ynienen in reusachtige priis foar betelle wurde kin: 200.000 huzen boppe op de planning. De Rânestêd sit fol, dus dit moat it ryk wol entûsjast meitsje kinne. Ek al moat der dan wol in hiel djoer spoar foar komme.

 

Mar net elk is sa entûsjast, as wy de krante lêze. VVD- en CDA-fraksjefoarsitters sjogge grutte mooglikheden en allinne mar foardielen (LC 15 maaie). De NOM en de kommissarissen, boargemasters en dykgraven binne wat foarsichtiger en wize benammen op alle plannen foar duorsum, circulair, healthy en grien dy't der yn it noarden al binne en dêr't wy sels ferantwurdlik foar binne (LC 1 maaie en LC 12 maaie). En It Fryske Gea, de Friese Milieu Federatie en oaren binne sels dúdlik negatyf: wy biede hjir as noarden fan Nederlân in priis dy't te heech is (LC 22 april).

 

Konsekwinsjes grut, tiidwinst beheind 

It Lelyspoar is foar de entûsjastelingen blykber de haadpriis dêr't wy, noarderlingen, hiel wat foar oer hawwe om dy te winnen. Mar oer dy haadpriis is yndertiid al fêststeld dat de kosten heech binne, dat de konsekwinsjes foar lânskip en natuer grut binne, dat de tiidwinst beheind is, dat Ljouwert oan in sydspoar lizzen bliuwt en dat de idee dat hjirmei de Rânestêd rjochtstreeks ferbûn wurde kin mei Noard-Dútsklân en Skandinavië in misrekkening is. Ut Amsterdam en Rotterdam nei Hamburch bliuwt altiten handiger fia Twinte as fia Grins. Dus, sa't de NOM skriuwt, it kin wat hobbels weinimme, mar fierder?

 

En dan de priis dy't wy der foar betelje wolle: 200.000 ekstra huzen. Net foar ús sels dus, mar om ‘Randstedelingen' hjir in moai wenplak te jaan. Dêr slachtsje wy dan dus ús hin mei de gouden aaien foar, ús romte en rêst, ús natuer en ja, miskien ek wol ús mienskip en ús taal.

 

Race to the bottom 

Elk is hjir wolkom, mar safolle huzen en dus safolle minsken, dat is wol in ynvaazje. De Rânestêd sit fol. Mar is der ek net altiten alle war dien om dêr sa folle mooglik aktiviteit hinne te krijen? Ha De Haach dêr ek net krekt altiten op ynset: lege lêsten foar bedriuwen, yn in race to the bottom en mei spesjale geunstige mooglikheden dy't ús ta in ynternasjonaal belêstingparadys makke ha? Wylst al lang dúdlik is dat wy gjin huzen en gjin minsken genôch ha om alles mar yn Amsterdam en omkriten, dêr't elk fansels hinne wol, ûntfange te kinnen.

 

Dit lân, bynammen de Rânestêd, hat al lang gjin ferlet fan altyd mar mear, mar fan better, duorsumer, mear op de takomst rjochte. Ja, it soe foar De Haach wol in oplossing wêze as wy hjir yn it noarden al dy ekstra huzen bouwe. En as wy de sneltrein derby krije, dy't al dy ekstra minsken dan alle dagen hinne en wer ride kin.

 

Wy moatte sels earst noch mar ris goed neitinke foardat wy der aansens oan fêst sitte, noch foardat wy der fatsoenlik belied foar formulearre ha. De plannen om hjir yn te setten op nije ûntwikkelingen dy't helpe in leefbere takomst te meitsjen, dý moatte stipe wurde. Stek gjin jild yn in djoere en grutskalige fasiliteit foar de Rânestêd mar yn eigen plannen. Dat helpt ússels en it hiele lân. Uteinlik dus ek de Rânestêd.

 

Geeske Krol is âld-Steatelid. Hindrik ten Hoeve is âld-Steatelid en âld-lid fan de Earste Keamer.



Tags: Bloch, Thus yn Fryslan, Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer