De pleats leit dêr prachtich, ticht by de Bombrekken. It is dan ek gjin wûnder dat Auke en Janke Jeltsje van Dijk in twadde tak begongen binne, mini-camping ‘De Klompen' mei 25 kampearplakken. Derneist hawwe hja noch in oernachtingsmooglikheid makke foar kuierders of fytsers. De gasten genietsje fan de Flakke Brekken, it romme útsicht, de lûden fan de greidefûgels, fan de kij en de kealtsjes. Mei de fytspaden en de pontsjes is it om de Brekken hinne prachtich te fytsen. "De fytspaden binne wol smel", seit Janke Jeltsje. "Foaral mei de elektryske fytsen is it betiden gefaarlik. Gemeente en provinsje soene dêr wat oan dwaan moatte."
Mei it langer yn de faart hâlden fan de pontsjes wurdt it toeristeseizoen moai oprutsen. Wol meitsje se har soargen oer de ferskraling fan foarsjenningen op it plattelân. Iepenbier ferfier is der amper mear. Foar de jongerein fan 15-18 jier is der net folle te dwaan en kinne wy ús âldereinsoarch mei de tanimmende fergrizing wol yn de stokken hâlde, sa freegje hja har ôf.
Mei besikerssintrum ‘Mar en Klif' binne hja yn petear om mei te dwaan oan in natuer-edukaasjeprojekt. "It liket ús prachtich om de bern hjir op it hiem te hawwen en mei te nimmen it lân yn. Se kinne der in protte fan leare."
Mei de takomst fan 'De Klompepleats' sit it wol goed. Dochter Djura fan 15 stiet al yn de startblokken om har heit op te folgjen, wylst Jeldau fan 6 de wrâld noch ûntdekke moat. De famylje Van Dijk fielt har thús yn Nijhuzum en wy hoopje dat sy noch jierrenlang ûndernimme kinne op 'De Klompepleats'.
DInie Visser, Anneke Hylkema, Bram Bonnema