Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Steatemerk

Fan 17:00 oant 18:00
Lokaasje: Bedriuwsrestaurant op it Provinsjehûs

Steatemerk: Provinsjale Steaten wolle graach jo miening hearre.

Wat fine ynwenners fan Fryslân fan de útstellen fan it kolleezje fan Deputearre Steaten? Om dêr better sicht op te krijen, hâlde Provinsjale Steaten alle moannen in Steatemerk. Steateleden kinne harren dêr oer ûnderwerpen dêr't sy in beslút oer nimme moatte, ynformearje litte. Dêrneist kinne boargers, ynstellings, amtners en Steateleden inoar moetsje en ynformearje.

 

Presintearje jo eigen idee of plan

Jo kinne ek sels in kream krije op de Steatemerk, dêr't jo jo idee of plan oan Steateleden en boargers presintearje kinne.
As belanghawwende of belangstellende binne jo fan herte wolkom op de Steatemerk. Oanmelde is net ferplicht, mar wurdt wol op priis steld.

De Steatemerk is ornaris op de earste of twadde woansdei fan de moanne tusken 17.00 en 18.00 oere. Nim foar ynformaasje en oanmelding kontakt mei de Steategriffy op:  tel. 055 - 292 59  96 of of e-mail: statengriffiefryslan.nl  

 

Op de wurklist fan dizze Steatemerk:

 - Adaptive maatregels N358 De Skieding

- Startnotysje hifking Fryske Marreprojekt

- Startnotysje Oeverbehear

- Underhâldsdjipte Fryske Marren

- Hurdfarre op de Burgumer Mar 

    

Klik hjir foar de folsleine wurklist en stikken      

 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)