Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Galapraat

Kin in Fries noch grutsker wêze
nei it keninklike komplimint
dat Fryslân hie New York ynnommen,
yn de skiednis rom bekend,
no ek fan 't jier te sjen en lêzen.

Galama, ús deputearre,
yn syn grutskens echt in grutte Fries,
wie sa mei 't komplimint ynnommen
dat er rekke fan de wiis:
''t Is op 't Oranjehûs basearre!'

't Wrâldnijs flitste oer de ierde,
net it Fryske York, mar 't komplimint,
dat elk koe 't digitaal ynnimme,
sa waard Fryslâns rom bekend,
ek Galama's healwize dieden.

Jorritsma, de heechste lieder,
wie net wiis mei wrâldwiid digitaal,
want sa hie hy it net opnommen,
keninklik klonk it ferhaal:
'New York, jawis, ús lantsje wie der!'

Galama moast doe op 't matsje
op 'e dei dat hysels jierdei wie,
't oranjebitterke ynnimme
foar in bytsje dom, dat hie
ús prins al jierren yn it snotsje. 

 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)