Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Fryslân: Nij perspektyf foar Fryslân

Fyzjestik fêststeld yn Ledegearkomste FNP 31 maaie 2013

Ultsje Hosper   

Freed 31 maaie 2013 hat de ledegearkomste fan de FNP in nij fyzjestik fêststeld dat op fersyk fan it haadbestjoer taret is troch in wurkgroep. It fyzjestik omskriuwt op basis fan de besteande útgongspunten fan demokrasy en federalisme op 'e nij hoe't de FNP de takomst fan Fryslân sjen wol yn it ramt fan de Nederlânske steat: in nij perspektyf foar Fryslân.

 

Ultsje Hosper, partijfoarsitter FNP 

Reaksje? Mail ultsje.hosperfnp.frl

 

De fraach fan it haadbestjoer is ûntstien út it ferlet om in dúdlik antwurd te jaan op de plannen fan dit kabinet om te kommen ta lânsdielen en ta supergemeenten fan mear as 100.000 ynwenners. De FNP sjocht dy plannen as in bedriging foar Fryslân.

 

Yn de hjoeddeiske situaasje wurde te folle maatregels oplein dy't ûntsteane út de tinkwize wei fan de Rânestêd en dy't negatyf wurkje foar mienskip, lânskip, ekonomy en identiteit fan Fryslân. Om it mooglik te meitsjen sels de regels te stellen dy't passe, moat Fryslân in bysûndere posysje krije as autonome provinsje. Dat moat ynhâlde dat Fryslân it rjocht krijt om wêr't dat nedich is, eigen wetjouwing te stellen ynstee fan de Nederlânske regels.

 

It fyzjestik sjocht it ferlet fan eigen regeljouwing benammen op de mêden fan romtlike oardering, regionale ekonomy, mynbousaken en taal, kultuer en ûnderwiis. Tal fan oare regio's yn de EU, dy't de helte fan de befolking fan de EU útmeitsje, hawwe dat wetjaand foech al. Ynbêde yn it rjochtsysteem fan de Nederlânske steat moat Fryslân ek (wer) syn eigen plysjeregio en justisjele organen hawwe.

Boppedat moat de ferhâlding tusken provinsje en gemeenten, ek wat taakferdieling oangiet, yn Fryslân sels fêststeld wurde kinne, yn oerlis mei elkoar en rekken hâldend mei de skaal en it ferlet hjirre.

 

Om dizze taken útfiere te kinnen, sil in flink part fan de hjir opbrochte belestingen en ek fan de opbringsten fan delfstoffen yn Fryslân bliuwe moatte. Dêrta is in nij finansjeel statút nedich om de ferhâlding mei it Ryk te regeljen.

 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)