Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Fryslân: Lobby foar gasbaten trochsette

Regear erkent fynplakfoardiel foar de regio

 Sybren 2011 lyts  

Fryslân moat in fiks part fan de € 829 miljoen oan jierlikse gasbaten út Fryske boaiem krije. De FNP freget it Kolleezje fan Deputearre Steaten om de dêrfoar taseine lobby op 'e nij op te pakken.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

De lobby foar de gasbaten is begjin 2012 tasein nei in breed stipe moasje fan de Steaten. Ut antwurden op ferskate keamerfragen blykt dat it Haachske regear it saneamde  ‘fynplakfoardiel' ûnderwilens erkend hat. De FNP sjocht dêryn in iepening foar de lobby om in part fan it gasjild oan de regio ten goede komme te litten. Dat stiet los fan de besteande skeafergoedings foar boaiemdelgong en ierdbevings.

 

It Fryske Kolleezje hat al ris mei doetiidsk minister Verhagen praat oer de kwestje, en dy soe der wol iepen foar stean, sa meldt FNP wurdfierder Sybren Posthumus. Dêrnei hat it regear antwurde op fragen fan de OSF yn de Earste Keamer oer de gasbaten. Ien fan de opsjes om de akseptaasje fan mynbou-aktiviteiten te fergrutsjen soe wêze om in part fan de opbringsten oan de regio te jaan.

 

Doe't ferfolgens it CDA yn de Twadde Keamer ek fragen stelde oer de lanlike gasrontondestrategy blykte dat in útstel dien is om in part fan de gasbaten te stoarten yn in fûns foar lokale duorsume enerzyprojekten. In dúdlike iepening neffens de FNP, dat it prinsipe fan it ‘fynplakfoardiel' no searieus nommen wurdt.

 

De gasopbringsten smite Nederlân alle jierren sa'n € 12 miljard op. De gasopbringsten út Fryske gasfjilden op ‘e fêste wâl yn Dongeradiel, de Súdwâl, Tytsjerksteradiel ensfh. smite de Nederlânske steat (útgeande fan 6,9% fan de winning yn Fryslân) op jierbasis 829 miljoen euro op. Ta ferliking: de jierlikse ynkomsten fan de provinsje Fryslân rinne de kommende jierren werom fan € 383 miljoen (2013) nei € 241 miljoen (2017) neffens de lêstferskynde kadernota 2014 (bylage 3). Dat hat benammen te krijen mei legere ynkomsten út it provinsjefûns en ienmalige ryksútkearings. Mei it each op de al tsientallen jierren hegere wurkleazens yn Fryslân moat Fryslân mear eigen middels krije om dy te bestriden. Fryslân hat as kearntaak om de Regionale ekonomy te stimulearjen en der moat dêrom no bûter by de fisk, sa stelt Posthumus.          



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)