Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Fryslân: Ynterpellaasjedebat yn Steaten oer ferlies banen Rykstsjinsten

Rânestêd-kabinet boartet mei Fryske wurkgelegenheid

 Sybren 2011 lyts  

 

De FNP hat in debat oanfrege oer it driigjende ferlies fan wurkgelegenheid by de Rykstsjinsten yn Fryslân. De LC berjochtet hjoed oer it mooglike ferlies fan sawat 1000 banen. De partij fynt dat it nei alle eardere fragen tiid is foar in ynterpellaasje op 26 juny fan portefúljehâlder Jorritsma. De FNP wol ûnder oaren witte oft de driging noch keard wurde kin. Wurdfierder Sybren Posthumus wol dat de Steaten belutsen wurde by in ienriedige en krêftige aksje rjochting Den Haag.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder konomy

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

De Steatefraksje fan de FNP hat al faker fragen steld oer it ûnderwerp. De partij makket him grutte soargen oer de takomstige wurkgelegenheid by de oerheid yn Fryslân. In wurkbesite fan de Steaten oan de rjochterlike macht en de rykstsjinsten fan út it provinsjehûs is fan septimber 2012 ôf hieltyd op de lange baan skood. Wurdfierder Sybren Posthumus fielt him no oerfallen troch de alarmearjende berjochten dy't boargemaster Crone yn de krante optekenje litten hat oer de wierskynlike útkomsten fan de lobby dy't fierd is.

 

Posthumus freget him ôf hoe't it kin dat Crone no de riedsleden fan Ljouwert opropt om yn aksje te kommen, wylst de Steaten hieltyd bûten it spul hâlden binne. ‘It is net allinnich in belang fan Ljouwert mar fan de hiele Provinsje, en it hat ek mei de ferdieling fan de pine mei Zwolle, Grins en Drinte te krijen'. Ek de útspraak dat der ‘een onevenredig verlies' foar Fryslân út de plannen nei foaren komt, makket de FNP net gerêst. It kin neffens Posthumus net sa wêze dat dit Rânestêd-kabinet boartet mei Fryske banen. Begjin july komt minister Blok nei de Keamer mei syn plannen foar de konsintraasje fan Rykstsjinsten.

 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)