Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Littenseradiel: Wêrom’t ik foar weryndieling stimd ha

Op 24-6-2013 is it riedsútstel oer de takomst fan Littenseradiel oannommen, wat ynhâldt dat fierdere stappen ta opsplitsen fan ús gemeente yn gong set wurde.
De FNP fraksje wie net ienriedich, Jeltsje ljochtet har stânpunt ta.

De fraksje fan de FNP hat tsjin it útstel stimd,
op my nei. Ik ha op de riedsgearkomste gjin stimferklearring jûn, ik woe
soarchfâldich wêze nei it bestjoer en de fraksje ta fanwege myn
minderheidsstânpunt. It bestjoer fan ús ôfdieling hat my frege om wat te
skriuwen oer myn arguminten om foar it útstel te stimmen.


Ik ha oars stimd as de fraksje om ferskillende redenen.

Wy ha in kolleezje fan FNP en SAM. Yn it FNP
programma en yn it koalysjeakkoard fan FNP en SAM stiet dat weryndieling pas
oan de oarder wêze kin, neidat de ynwenners heard binne. Men kin by alles
fraachtekens sette. Foar my binne de ynwenners heard yn de diskúsje oer
weryndieling en dat is de ôfrûne twa jier bard yn de Rûntepetearen en yn de
Doarpepetearen.

 

Ik bin sûnt 1972 lid fan de FNP fanwege de pylders: demokrasy en federalisme.

De FNP stiet foar eigenheid, lytsskaligens en koarte linen. De FNP wol it bestjoer

ticht by de boarger hâlde. Foar de FNP moatte taken ticht by de boarger organisearre wurde.


It draait foar my om de fraach: hokker taak past
it bêste by hokker skaal/bestjoerslaach? Of: wa bemuoit him wêrmei en hoe?

Yn 2008 hat de Ried de ynwenners ek heard en doe
is keazen foar selsstannich bliuwen fan Littenseradiel. Doe wie der sprake fan
lykweardige gearwurkingspatners, wat de ynwenners yn dy petearen as wichtich
oanjoegen.

No is de posysje fan Littenseradiel gâns feroare
en is wat my oangiet it moment kaam de selsstannichheid op te jaan. De gemeente
hat no te krijen mei ûngelykweardige partners. Foar guon taken, op it mêd fan
sosjale saken en ict, is der sels sprake fan ynkeap. Wy ha te krijen mei
krisis, fergrizing, mear taken en it ûntstean fan grutte gemeenten om ús hinne.


It dilemma is: wat is goed foar de ynwenners fan ús gemeente, in bestjoer ticht

by de boarger of hat de boarger mear oan in
bestjoer dat der ta docht? Ik sjoch mear yn it lêste, in organisaasje moat
kwaliteit en massa ha om wat foar de ynwenners besjutte te kinnen. De gemeente
is ferantwurdlik foar de ynwenners. De ynwenners moatte in ried kieze kinne
dy't oer de wichtige saken fan harsels giet. In oare ried, sa as dy fan
Súdwest-Fryslân bygelyks, moat net belied meitsje dat wy ynkeapje. Demokratyske
legitimaasje weaget foar my swier. Dan moatte jo tajaan dat ús gemeente te lyts
is.

It is net samar wat om te besluten ta opheffen fan
Littenseradiel, en ek net samar wat om te besluten dat de gemeente net opskaald
mar yn trijen ferdield wurdt. Der is in hiel trajekt oan foarôfgien: Koartsein,
wy ha as riedsleden ienriedich mei alle stappen yn dit beslútfoarmingsproses
ynstimd en de stap ta opslitsen sjoch ik as in logysk gefolch dêrfan. Yn it
beslútfoarmingstrajekt is besletten net fierder te gean mei de gemeenten yn it
noardwesten. It die dêrneist bliken dat it der foar Littenseradiel mei Ljouwert
en Súdwest-Fryslân net yn siet selsstannich te bliuwen en dêrtroch lei
opsplitsen foar de hân. Op de doarpepetearen ha de ynwenners keazen by hokker
gemeente harren doarp oanslute sil.

Ik tink dat Littenseradiel yn de takomst net op de
taken berekkene is, ik koe my fine yn de arguminten en konklúzjes fan it útstel
fan B&W. Ik woe de doarpepetearen, de nommen besluten fan de Ried en de
feroarings om ús hinne net negearje. Ik fûn ek dat de Ried syn
ferantwurdlikheid nimme moast en dat betsjutte foar my in beslút nimme mei
dêrby de ynwenners foar eagen. No mar ôfwachtsje wat de provinsje en de
buorgemeenten oer it riedsbeslút sizze.

Jeltsje Boersma, fraksjefoarsitter FNP
Littenseradiel



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)