Gemeentelike weryndieling besparret gjin jild

Rapport COELO fan de Ryksuniversiteit Grins

It kabinet wol troch gemeentelike weryndieling in miljard euro per jier besparje. Mar nei weryndieling geane de útjeften net nei ûnderen, ek net by de lytste gemeenten. De gemeentelike foarsjenningen wurde der ek net better fan. Weryndieling om finansjele redenen hat dus gjin doel. Dat skriuwe Maarten Allers en Bieuwe Geertsema fan it RUG ynstitút COELO freed 27 juny yn in artikel yn it fakblêd ESB. Der is ek in wiidweidich ûndersykrapport ferskynd. Sjoch foar in folsleine parseberjocht fan COELO op de hiemside fan de RUG. 

 



Tags: algemien

Downloads:
Coelo rapport the effects of local government amalgamation


2019 FNP Fryslân - Disclaimer