Positive effekten weryndieling fier te sykjen

Utkomsten grutskalige ynternasjonale stúdzje

Op'e nij docht út ûndersyk bliken dat gemeentelike weryndieling negative effekten opsmyt. De politike en aktive (maatskiplike) belutsenheid fan boargers en politisi wurdt minder nei in weryndieling. En wat grutter de gemeente, wat minder tefreden de boargers binne oer de bestjoerlike prestaasjes.

 

Effekten skaalfergrutting

Dit binne in pear haadkonklúzjes út in grutskalich ûndersyk nei de effekten fan skaalfergrutting op it iepenbier bestjoer yn Denemarken, Nederlân, Noorwegen en Switserlân. De tefredenheid ûnder boargers is it grutste yn Switserlân; it lân mei de lytste gemeenten. Bas Denters - bysûnder heechlearaar oan de Universiteit Twente en ien fan de ûndersikers - dielde in tal konklúzjes freed op it sympoasium Lokale autonomie onder druk?  fan it Kennisnetwurk Lokaal13.

---------

Lês hjir fierder it folsleine artikel op Binnenlands Bestuur fan 20 april 2015



Tags: algemien

2019 FNP Fryslân - Disclaimer