Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Frjentsjerteradiel: Weryndielingsbeslút

Tongersdei 21 april 2016 wie de koartste riedsgearkomste ea. In kertier nei de iepening waar de gearkomsten sletten.

Der stie ek mar ien punt op 'e wurklist: it weryndielingsbeslút, wêr 't yn sân gemeenten tagelyk it beslút oer nommen waard. Dat wie gau klear en dermei is de weryndieling no definityf. Op 1 jannewaris 2018 komt Ljouwerteradiel by Ljouwert; wurde It Bilt, Menameradiel en Frjentsjerteradiel de nije gemeente Waadhoeke; en wurdt Littenseradiel opdield en komt yn parten by Ljouwert, Waadhoeke en Súdwest-Fryslân. 

 

Waadhoeke

 

Jan Dijkstra sei der noch dit oer:

 

"Dan leit hjir no it definitive beslút. Wy kinne ús wol fine yn de reaksje op de sjochwizen. Wat dêryn opfalt is dat der út Frjentsjerteradiel gjin reaksjes kommen binne. Yn it Bildt sit in groep fan 341 minsken dy’t soarch ha oer benammen ‘it Bildts aigenene’. Mar mei de FNP ticht yn de buert hoege de Bildtkers heur dêr gien sorgen over te maken, sau ik sêgge. Dêr komme we yn de takomst mei harren oer yn petear. We hoopje no dat Waadhoeke de robúste gemeente wurde mei is dy’t klear is foar har komplekse taken, as neamt yn it stik. De diskusjes binne west, we geane no fierder, lykas earder sein sil de FNP konstruktyf meidwaan yn dat proses. Wy geane mei yn de trije punten dy’t it kolleezje foarstelt en op nei 2018."

 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)