Positive sjenswize Provinsje op weryndieling 2018

Mei wiidweidige paragraaf oer it Frysk en it Bildts

It Kolleezje fan Deputearre Steaten hat op 29 juny 2016 in positive sjenswize oer de weryndieling stjoerd oan minister Plasterk.

 

It giet om de gemeenten Ljouwert, Ljouwerteradiel, Littenseradiel, Menameradiel, It Bildt, Frjentsjerteradiel en Súdwest-Fryslân. Per 1 jannewaris 2018 komt der in nije gemeente Waadhoeke. De gemeente Littenseradiel hâldt dan op te bestean. It grûngebiet wurdt ferparte ûnder de gemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en de nije gemeente Waadhoeke.

 

De sjenswize giet wiidweidich yn op de posysje fan it Frysk en fan it Bildts yn de nije gemeenten.

 

 



Tags: algemien

Downloads:
Sjenswize weryndielingsadvys 2018


2019 FNP Fryslân - Disclaimer