Frjentsjerteradiel: Ofslúting FNP ôfdieling Frjentsjerteradiel

Op 10 maaie hat de lêste gearkomste fan FNP Frjentsjerteradiel west. We hawwe as bestjoer, fraksje en leden mei inoar werom sjoen yn de tiid. Sintraal dêrby stie dat elts him sa thús fielde, de noflike sfear en de iepenheid wêrmei’t ek ferskillen fan miening besprutsen wurde koenen. Der waard dan ek de hoop útsprutsen dat we dit trochsette sille yn de nije ôfdieling FNP Waadhoeke.

10 maaie ridder Jan

 

 

Fierder hawwe we noch stil stien by de beneaming fan ús ponghâlder Jan Hiemstra ta ridder. En ek foar skriuwer Johannes Elzinga en foarsitter Anna Martha van der Mei wie der in bedankje foar har ynset foar dizze ôfdieling.

Nei in formeel opheffingsbeslút wie der foar elts noch in drankje. Dit waard fansels brocht troch Ype Bonnema, behearder fan It Mienskar en dus ús fêste fersoarger. Ek hy koe op in bedankje rekkenje foar alle goede soargen yn de ôfrûne jierren. We hoopje gau ris wer del te kommen!

We sille no fierder yn de nije ôfdieling FNP Waadhoeke. De earstfolgjende gearkomste is op 28 juny yn Menaam, dêr wurdt dan praat oer de list en it program.

Folgje us op http://www.waadhoeke.fnp.frl/  en op https://www.facebook.com/FNPWaadhoeke/.  

 

10 maaie AM Jan

 

10 maaie JE

 

10 maaie JH 10 maaie AM

 



Tags: algemien

2019 FNP Fryslân - Disclaimer