Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Minder besunigje op Omrop Fryslân

Hindrik ten Hoeve yn de Earste Keamer 11 oktober 2016

Earste Keamer

'En bestjoersôfspraak net wachtsje litte'

 

Alhoewol't de steatssekretaris der noch fan út liket te gean dat it wetsútstel lykas dat bedoeld wie om de ynbêding fan de regionale omroppen yn de RPO te realisearjen, der op koarte termyn noch wol komme sil, liket dat dochs net sa wis. It liket net oannimlik dat dit yn it kommende healjier noch kin, en wat dêrnei bart is fansels mar ôf te wachtsjen. Dat betsjut nei myn gefoel dat it doel hat en gean foarearst út fan de situaasje dy't no ûntstien is. De regionale omroppen bliuwe funksjonearjen as ‘aangewezen regionale publieke media-instellingen' en kinne op grûn fan dy oanwizing útstjoere. Hja bliuwe dus ek wat de stjoer-konsesje oangiet selsstannich en binnen net bûn oan oanwizingen dy't hja eventueel fan de RPO krije.

 

It liket my net dúdlik oft alle plende besunigingen realisearre wurde sille; de ûntstiene betizing sil ek gjin fertuten dwaan. Hoe dan ek, it IPO bringt nochris de hjir earder ek breed dielde noed op it aljemint dat de programmatyske ynfolling der ûnder lije sil. Net besunigje soe fansels de definitive oplossing jaan foar alle belutsen regionale omroppen. Minder besunigje soe ek al helpe. En it minste dat frege wurde kin is dat de al taseine fermindering fan de besuniging mei in healjiertrânsje fan € 8,5 mln lykwichtich ten goede komt oan alle regionale omroppen. Unôfhinklik, tinkt my, fan de fraach oft hja wol of net in beskate besunigjende gearwurking oangean wolle. Dat is yn elts gefal de iennichste wize om de foar de hân lizzende konsekwinsje te lûken dat de no selsstannich bleaune omroppen it prinsipiële rjocht hawwe om eigen besluten te nimmen.

 

Ta beslút, foarsitter, ik wurdearje it dat de steatssekretaris it opnimmen fan in paragraaf oer funksje en taak en mooglikheden fan Omrop Fryslân yn de bestjoersôfspraak mei de provinsje Fryslân net wachtsje litte wol op eventuele fierdere ûntjouwingen. Ik bin der fan oertsjûge dat dêr in goede formulearring foar ôfpraat wurde kin.

 

Hindrik ten Hoeve

Senator OSF / FNP 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)