08-01-2019 - Fragen FNP yn Europeesk Parlemint
Ljouwert – De FNP stelt fia de Europarlemintspartij EFA fragen oer de kontenerramp dy’t de ôfrûne wike plakfûn hat. De FNP trunet mei de fragen oan op it better neilibjen fan de feilichheidsregels, op it folslein fergoedzjen fan de skea en op it oprêden en op it werom finen fan oerboard sleine konteners.

16-04-2018 - FNP: Katalaanske politike finzenen frij
Landshut (Beieren) - De FNP hat op it jierlikse kongres fan Europarlemintspartij EFA yn Landshut in resolúsje stipe tsjin it steatsgeweld en de repressy yn Spanje. Dat hâldt ûnder oare yn dat opholden wurde moat mei polityk basearre rjochtssaken, dat fûnemintele minskerjochten net mear skeind wurde, dat politike finzenen frijlitten wurde moatte en dat demokratysk keazen Katalaanske parlemintsleden wer frij nei harren lân ta reizgje kinne.

13-04-2018 - Stipe foar FNP-moasjes op EFA-kongres 2018
Landshut (Beieren) - De moasje fan de FNP foar mear bioferskaat en earlik lean foar de boeren yn it nije Europeesk lânboubelied is unanym oannommen. Dat barde op it jierlikse kongres fan de Europarlemintspartij EFA yn Landshut (Beieren). Mei de moasje fan de FNP sille Europarlemintariërs fan de EFA no oan de slach.

06-04-2018 - FNP: bioferskaat yn nij Europeesk lânboubelied
De FNP is fan miening dat yn it nije Europeesk lânboubelied (CAP) 2020 it bioferskaat yn de lânbou stimulearre wurde moat. De boeren moatte dêr in earlik ynkommen foar krije.

14-03-2018 - FNP mei 6 minsken nei EFA-kongres yn Beieren
Op 13 en 14 april 2018 sil de FNP mei 6 minsken dielnimme oan it EFA-kongres yn Landshut (Beieren). Op dizze jierlikse saneamde General Assembly fan de Europeeske regionale partijen komme nei ferwachting hûnderten dielnimmers út tsientallen Europeeske regio's.

13-09-2017 - FNP sprekt NL-regear oan op referindum Kataloanje
De Spaanske steat moat ophâlde mei it skeinen fan minskerjochten en fan it frustrearjen fan it demokratysk proses mei in referindum yn Kataloanje. De Steatefraksje fan de FNP hat dêroer in brief skreaun oan minister Koenders fan útlânske Saken.

28-03-2017 - FNP: gearwurkje oer de grinzen mei Friezen yn Dútslân
In ‘Fryske jûn' yn Berlyn om de kulturele gearwurking fan de Friezen yn Nederlân en yn Dútslân foar it fuotljocht te bringen by de Dútske parlemintariërs.

22-03-2017 - FNP siket Europeeske stipe foar sluzen Koarnwertersân
Op de Algemiene Ledegearkomste fan Europarlemintspartij EFA op freed 31 maart sil de FNP in moasje ynbringe om de kânsen op EU-subsydzje foar de sluzen fan Koarnwertersân te ferheegjen.

17-03-2017 - FNP-top nei kongres yn Katowice
Fan 30 maart oant en mei 2 april sil de FNP mei 6 minsken dielnimme oan it EFA-kongres yn Katowice (Silezië, Poalen).

08-12-2016 - Wurkbesite FNP oan EFA-fraksje Brussel
Programma op 6 en 7 desimber 2016

11-11-2016 - FNP ferklearret him solidêr mei pro-Koerdyske HDP
Parlemintsleden opposysje oppakt

06-07-2016 - FNP: belang fan de EU foar Fryslân yn kaart bringe
Mearderheid Friezen wol net út EU stappe

02-05-2016 - Fryslân CETA en TTIP-frije sône
Negative konsekwinsjes foar de regio

04-04-2016 - Gjin permaninte grinskontrôles yn Europa
Moasje op EFA-kongres april 2016

21-03-2016 - FNP mei 8 minsken nei kongres op Korsika
Jiergearkomste regionale partijen yn Europa

Argyf
2019 FNP Fryslân - Disclaimer