Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Fryslân CETA en TTIP-frije sône

Negative konsekwinsjes foar de regio

TTIP

Opinystik Sybren Posthumus

 

Op dit stuit wurdt troch de Europeeske Uny (EU) folop ûnderhannele oer nije hannelsferdraggen mei Kanada (CETA) en de Feriene Steaten (TTIP).  It ynwurking setten fan de ferdraggen hat fiergeande negative konsekwinsjes foar de lokale/regionale demokrasy, it MKB en de publike tsjinsten. Dêrom moat alles op alles steld wurde om CETA en TTIP te kearen. Fryslân soe in CETA en TTIP-frije sône wurde moatte.

 

De Feriene Steaten en de EU ûnderhannelje sûnt 2013 oer TTIP (Transatlantic Trade and Investment Partnership). De EU docht dat sûnt 2009 al mei Kanada as it giet oer CETA (Comprehensive Economic and Trade Agreement).  De ferdraggen hawwe ûnder oare as doel om ymport- en eksport-tariven drastysk te ferminderjen.  Dat mei as doel om mear banen te kreëarjen. Lykwols, by de útwurking is dúdlik wurden dat de privileezjes dy't CETA en TTIP jouwe oan multinationals en ynvestearders boppe demokratysk fêststeld besluten gean.

 

Sa sille bygelyks oalje- en gasmaatskippijen út Kanada fia CETA besluten fan gemeenterieden of oare oerheden oanfjochtsje kinne dy't te'n koste gean fan harren winst. Tink oan de gaswinning op Skylge of Toppenhuzen. Ynvestearders en bûtenlânske bedriuwen kinne fia in spesjaal tribunaal' ús eigen rjochters passearje en eksklusive rjochten krije om oerheidsbesluten oan te kleien. Rjochten dy't ek folle fierder gean as dy fan ús eigen ûndernimmers út it MKB yn Fryslân en Europa! It kin ûnder CETA en TTIP hiel lêstich wurde om nutsfoarsjennings lykas drinkwetter en iepenbier ferfier (wer) yn oerheidshannen te krijen of te hâlden. As de nasjonale oerheden de skeaclaims betelje moatte oangeande oanfochten regionale of lokale demokratyske besluten sille lidsteaten de beliedsfrijheid fan gemeenten en regio's beheine wolle.

 

De arguminten fan mear ekonomyske groei en mear banen wurde ûnderút helle troch ferskate saakkundigen. TTIP kin in bedriging foarmje foar ús lân- en túnbou, reden wêrom't in organisaasje as  LTO gjin foarstanner is fan de plannen dy't der no lizze. De ekonoom Capaldo fan de Amerikaanske Tufts university hat berekkene dat ynwenners fan Nederlân der yn trochsnee € 4800 op efterút geane.

 

Fryslân wie de earste provinsje yn Nederlân dêr't de Steaten yn grutte mearderheid tsjin CETA en TTIP stimd hawwe. Nederlân as lidsteat liket yn te stimmen mei CETA en TTIP.  Dêrby behertiget it Nederlânske regear de belangen fan de eigen befolking en bedriuwen striemin. Minister Ploumen (PvdA)  hat de mooglikheid foar in stik beliedsfrijheid foar Nederlân op wichtige terreinen lykas enerzjy en publike tsjinsten net opeaske. Dat yn tsjinstelling ta guon oare lidsteaten sa as Dútslân dy't dat wol dien hawwe.

 

Yn it Europeesk parlemint is gelokkich in folle kritysker hâlding te fernimmen. Under oare fan de Europarlemintspartij EFA, dêr't ek de FNP by oansluten is. De EFA fynt dat de Europeeske Kommisje net harket nei it grutte publike protest  dat der is. No't de regearingen fan sawol Nederlân as fan ‘Brussel' it sitte litte is de tiid ryp om Fryslân as TTIP- en CETA frije sône út te roppen! 

 

Sybren Posthumus  

Steatelid FNP    

 

 

 

Dit artikel is ek pleatst as Te Gast yn de LC fan 2 maaie 2016



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)