FNP. Fryslân. Ek foar dy!



"FNP. Fryslân. Ek foar dy!"

Wêrom FNP Fryslân?

 

Wat foar geëamel moat no echt in kear klear wêze? Wat moat der oars by dy om de hoeke? En yn de rest fan Fryslân?

 

Op dit stuit beslist net de jongerein, mar beslist men oer de jongerein. Dat moat oars en dat kin oars. Slút dy oan by de gesellichste en meast jeugdige partij fan Fryslân en praat mei!

 

Gjin stoffige fergaderingen en stapels papier, mar fuotten op tafel en pilske yn de hân. Gewoan wat meiprate yn de tinktank. Reklame meitsje yn de PR kommisje. Koers bepale yn it bestjoer. Besluten nimme yn de gemeenterie. Sels belied meitsje yn de Provinsjale Steaten.

 

De FNP stiet pal foar Fryslân. Wolsto meiprate oer dyn wenplak en omjouwing? Wurd dan fergees lid. By de FNP betelje leden oant 25 jier gjin ledenjild. 

 

Wurd no lid en wy stjoere dy 15 karbyd stikkers ta! Folje hjir dyn gegevens yn en noch foar âld en nij hasto dyn stikkers thús. Is it net geweldich? 



FNP. Fryslân. Ek foar dy!



Ferklearring lidmaatskip OSF:
"De FNP is mei noch fyftjin oare Nederlânske regionale partijen by de Onafhankelijke Senaatsfractie oansletten. De OSF krijt subsydzjes fan de oerheid. Om as FNP oanspraak op dy subsydzje meitsje te kinnen, moatte minsken dy't lid binne fan de FNP formeel ek lid wêze fan de OSF. It bringt foar jo persoanlik fierders gjin ferplichtings mei him mei."
Ik haw der

beswier tsjin ek as lid fan de OSF oanmurken te wurden.

2021 FNP Fryslân - Disclaimer