Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP stânpunten dogge it goed

De riedsferkiezings komme deroan. Weryndieling en it Fryske lânskip binne saken dy't op dit stuit benammen spylje. De FNP-stânpunten dêryn hawwe altyd helder west en lykje oan te slaan.

Troch: Nynke Beetstra 

 

Yn de foarige Frijbûtser skreau ik oer de FNP as werkenbere partij mei heldere stânpunten. Net ûnbelangryk foar in politike partij. Dy stânpunten lykje de lêste moannen allinnich mar oan populariteit te winnen. Weryndieling spilet noch rûnom yn de provinsje. Soms mear soms minder, mar samar ynienen stekt it de kop wer op. It is krekt in firus, lit ús sizze de Fryske gryp. In faksin is lykwols net beskikber. Krekt oarsom, kommissaris Jorritsma is nei de fakânsje fuort wer op paad gien om it firus fierder te fersprieden. De SWH is it earste slachtoffer, mar nei alle gedachten folgje der mear.

 al nynke lyts  

Der binne mear punten dêr't we ús as FNP soargen om meitsje. Ik neam de driigjende besunigings op it provinsjale plattelânsbelied en yn it ferlingde dêrfan in oprop fan de Feanster boargemaster en syn ûnderwiiswethâlder om lytse doarpsskoaltsjes te sluten. Johannes Kramer hat dêr yn de LC adekwaat op reagearre.

 

Reaksje ? Mail nei taalwurkfryslanhetnet.nl

 

 

In oar populêr ûnderwerp is it karakteristike Fryske lânskip. Hieltyd mear minsken beseffe dat we drok dwaande binne dat nei gychem te helpen. Fansels moatte we ekonomysk mei de tiid mei en moatte ús boeren romte krije om te buorkjen. Mar dêrby moatte we tige hoeden mei ús lânskip omgean. De FNP wol ta op in wynmolefrij Fryslân sa't jim de foarige kear yn it stikje fan Douwe Bylsma lêze koene. Dêrby respektearje we de rjochten fan besteande wynmole-eigners. Under mear PvdA, CDA en GrienLinks wolle krekt mear en noch hegere wynmolens. Wy jouwe de foarkar oan oare, duorsumer foarmen fan enerzjy. De Sintrale As yn de foarm sa't dy oannommen is - as nije fjouwerbaansdyk dwers troch in natuergebiet - ropt ek in soad wjerstân op. CDA en PvdA hawwe dat plan altyd mei hert en siel ferdigene. De FNP hat in prima alternatyf, better foar it lânskip en feilich. Miskien krijt it noch in kâns yn dizze tiid fan resesje en befolkingskrimp. Fierder is de FNP net bliid mei de nije REC fan Omrin yn Harns, sa't Pytsje de Graaf yn de foarige Frijbûtser útlein hat. De needsaak is net dúdlik, oerkapasiteit driget.

 

Wynmolens, Sintrale As en REC, allegear punten dêr't fanwege lânskip en miljeu in soad ferset tsjin is en dêr't aksjegroepen foar yn it libben roppen binne. Okkerdeis noch hat in groep fan 49 keunstners it boek Giftige Simmer útjûn as protest en warskôging oan de polityk om ús lânskip net te ferkwânseljen. Dy keunstners soene har allegear oanslute kinne by de FNP. Ja, eins oanslute móátte om har/ús stânpunten yn de politike arena te befjochtsjen. Fansels is ek inisjatyfnimmer Abe de Vries wolkom by ús, nettsjinsteande syn tige persoanlike en dêrtroch suver begrutlike oanfal op Johannes Kramer yn de LC. It stik sei mear oer Abe as oer Johannes. Abe, we ferjouwe it dy. Allegear stride we foar in moai, sûn en sosjaal Fryslân.



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)