Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Waadhoeke: Nije grinzen, nije kânsen

Op 2 jannewaris 2018 binne de riedsleden fan FNP Waadhoeke ynstallearre. Hjir de bydrage fan Jan Dijkstra op dizze histoaryske jûn, doe noch yn syn rol as frakjsefoarsitter. Oan it ein fan de jûn is hy ynstalleard as wethâlder.

"Tank oan ús kiezers dat ik hjir hjoed stean mei as fertsjinwurdiger fan FNP Waadhoeke. Mei in lytse 20% fan de stimmen hat de FNP in moaie posysje yn de nije gemeenterie krigen. Tagelyk bliken de programma's fan CDA, SAM en FNP sa goed te passen dat in koälysje foar de hân lei. De besprekkingen binne we dan ek mei fertrouwen yngean en it bliek al gau dat we op deselde lijn sieten. Fansels elts mei syn eigen ynbring, mar ek mei in mienskiplike ambysje en fertrouwen yn elkoar. Mei as resultaat ‘Nije grinzen, nije kânsen' in koälysje akkoart op haadlinen. It sil jim dúdlik wêze dat ik de Fryske ferzje dêrfan hjir brûk, om oan te jaan dat it brûken fan ús taal normaal is. 'n Bildtse ferzy is d'r niet kommen...kwessy fan nimme en geve. (Redaksje: dizze is wol beskikber fia de FNP, tekst Bildts deur BildtTaal, mei tank).

 

Helder is dat we der as gemeentebestjoer op út wolle, de gemeente yn en wêr mooglik gebrûk meitsje fan de kennis en kunde fan de ynwenners. We wolle der nei ta wurkje dat ús ynwenners oer fjouwer jier bliid binne dat se yn Waadhoeke wenje. En dan ha ik it oer alle ynwenners, oft se no ticht ûnder Ljouwert wenje, op it Bildt, yn de Bjirmen, Achlum of Frjentsjer. 41 Kearnen mei elts syn eigen kwaliteit en identiteit, mei Frjentsjer en st. Anna as grutste kearnen en winkelsintra. Haadplak de stêd Frjentsjer. We dogge dat mei in Jongereinrie, dy't de skeakel wêze moat nei belutsenens fan ús jongerein by de polityk. In aardige útdaging mar se binne al goed op wei. We wolle nei in duorsumere manier fan libjen en dêr in foarbyld rol yn jaan en wêr mooglik stjoerend en ferbinend wêze om saken foarút te helpen. De Koornbeurs hâlde we as profesjoneel trefpunt yn it rike kulturele lânskip, sûnder dat de sifers om de pear moanne op strjitte lizze. In sosjale tsjinst ûnder de eigen organisaasje is ús útgongspunt, in belangrike stap. Ien fan de útgongspunten fan weryndieling. Gebietsteams, dy't mei sa min mooglik regels wurkje, útgeand fan fertrouwen yn minsken. Dat freget hjir en dêr om lef, en dat ha we. Op sosjaal terrein steane we as koälysje stevich op ien lijn. Alfêst jild yn it doarpefûns, om sjen te litten dat it ús mienens is. Is dat wol genôch foar al dy doarpen en wiken? Fansels sil der mear by moatte, mar it begjin is der. We sille noch in protte saken tsjin it ljocht hâlde moatte, sjen wat as nedich is en wat as we besteegje kinne, dat jild hjir ek. De rie sil dêr kar yn meitsje moatte.

 

Taal en kultuer ha in belangryk plak yn ús gemeente en we wolle dat stypje. Utgongspunt is dêrby: serieus nimme, foarbyld funksje útstrale en minsken útnûgje harren taal te brûken en ûnderhâlden. Alhiel yn lijn mei wat wy as FNP neistribje. Wês grutsk op dyn eigene. Op 't Bildt het men al sien laten wat d'r mooglik is op dat terrain, der wille wij graag met deurgaan, en wer mooglik gebrúk fan make in de rest fan de gemeente. In taal en kultuurnota is nedich om fêst te stellen wat as we allegear hawwe en ha wolle, wêr't stipe nedich is en wêr't we kar meitsje moatte. Dat sil ek syn útstrieling ha op de toeristen dy't we hjir graach hinne lûke wolle. In gebied mei wat ekstra's dêr't men grutsk op is. Mei ‘Akademy'stêd Frjentsjer as lûker en mei ferbining nei it bûtengebiet. Bestimming Noard-west hat in wichtige rol yn de profilearring. In nota, dat jildt ek foar sport, in tige wichtich sosjaal ûnderdiel fan ús mienskip. Wurdich om alle ynisjativen, ûnderdielen, soarten, funksjes, ûndersteuning, ûnderhâld en alles wat der mei anneks is fêst te stellen en der kar yn te meitsjen hoe der mei om te gean. We wolle in sport-en kultuerwike organisearje om ús rykdom sjen te litten en yn it sintsje te setten. We wolle romte jaan oan bedriuwen foar ynnovaasje en fansels in goeie ferhâlding mei ús ûndernimmers. We bemuoie ús net mei de bedriuwsfiering, ek net fan de boeren, mar wolle mei harren sjen in manier fan buorkjen yn oerienstimming mei de omjouwing. Dêrby kin de omjouwingswet as kroade brûkt wurde. We wolle dan ek graach in pilot oppakke, foarútrinnend op de ynwurking treden fan de omjouwingswet, sa as it no liket yn 2021. Dy omjouwing is fan grutte wearde, polders, diken, ikkers, wrâlderfgoed de Waadsee, monumintaal Frjentsjer, karakteristike (terp)doarpen en alles dêrtusken. Dat freget om der hoeden mei om te gean. Gjin gedoch yn ús ûndergrûn dy't skea opleveret of opleverje kin, stimulearje fan duorsume ynisjativen, in koördinator om saken foarelkoar te bringen, it gebied tsjuster hâlde en wêr't kin tsjusterder. Ljocht is maklik te meitsjen tsjinwurdich en goedkeap, dus moat der in rem wêze. Mar ek fluch ynternet, want dat is tige wichtich foar de fierdere ûntwikkeling fan ik soe hast wol sizze alles tsjinwurdich. Bermen as boarne foar libben en ferskaat troch ekologysk behear. Mar ek plak foar ús jongerein om harsels te wêzen en fan elkoar te learen, binnen grinzen.

 

Koartsein leit hjir in akkoart wêr't wy as FNP grutsk op binne. We ha in protte punten fan ús program der yn kwyt kinnen. Benijd binne we nei opmerkingen, faaks ek wol suggestjes of miskien wol kompliminten fan de partijen bûten de koälysje. As dat noch ta ferbettering liedt fan wat der leit, dan steane wy der as FNP foar iepen. Wy ha der sin oan om mei de nije koälysje oan de slach te gean en ha der fertrouwen yn dat we sa de nije gemeente ta in sterke, sosjale, duorsum ynrjochte mienskip komme, wêr't in protte te belibjen is.

 

Jan Dijkstra

 

Under de foto's kinne jo it koâlysje-akkoart delhelje (beskikber yn trije talen).

1 Nije Grinzen Nije Kansen 2 Nije Grinzen Nije Kansen
3 Nije Grinzen Nije Kansen 4 Nije Grinzen Nije Kansen
6 Nije Grinzen Nije Kansen 7 Nije Grinzen Nije Kansen
8 Nije Grinzen Nije Kansen 10 Nije Grinzen Nije Kansen


Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)