Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Achtkarspelen: FNP yn Achtkarspelen hat in nije listlûker

Tjibbe Brinkman fan Twizel is de nije listlûker fan de FNP Achtkarspelen

 

 

 

 

 

 

Op tiisdei-jûn 12 desimber kamen de leden fan FNP Achtkarspelen byelkoar foar

harren ledegearkomste yn seal De Lantearne yn Surhústerfean. Yn in grôtfolle seal mei mear as 80 leden hawwe se te set west oer it nije ferkiezingsprogram en de kandidatelist foar de kommende 4 jier.

  

Sjoerd Groenhof as foarsitter fan de programkommisje presintearre it nije FNP program "Ticht by de minsken" en de wize wêrop foel by de leden fan FNP Achtkarspelen tige goed yn de smaak. It nije FNP program waar troch de seal dan ek unanym goedkard.

 

Nei it skoft kamen de earste 10 FNP kandidaten foar de nije krytperioade nei foaren ta om sich te presintearjen oan de leden. Hjirnei waard stimt oer de kandidatelist.

 

Nei de stimming is troch de mearderheid fan de leden Tjibbe Brinkman keazen as de nr. 1 en as listlûker foar de kommende riedsferkiezingen.

Tjibbe Brinkman is 39 jier âld, komt út Twizel en is fanôf 2006 riedslid.

 

Nij op de list twa jonge aspirant-politisy Jellie Hamstra en Jelmer Bloembergen.

De folgjende kandidaten op de list binne nei stimming wurden:

 

Nr. 2: Yde van Kammen út De Harkema

Nr. 3: Sake v/d Meer út Koatstertille

Nr. 4. Maaike Dotinga út Bûtenpost

Nr. 5: Rein v/d Wal út Surhústerfean

Nr. 6: Wietske Poelman út Gerkeskleaster/Strobos

Nr. 7: Jellie Hamstra út Droegeham

Nr. 8: Wopke Veenstra út Boelensloane

Nr. 9: Marianne v/d Heide út Stynsgea

Nr. 10: Jelmer Bloembergen út Koatstertille

 

Op dit stuit is de FNP mei 6 riedssitten de grutste politike partij yn de ried fan de gemeente Achtkarspelen.

FNP foto fan seal fol mei leden op de lede gearkomste



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)