Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Dantumadiel: Emke Peterson listlûker FNP

Emke Peterson is op'e nij de earste man foar de FNP yn Dantumadiel. Dat is unanym besletten op de algemiene ledegearkomste fan de FNP ôfdieling fan de gemeente Dantumadiel.

Peterson wie yn de ôfrûne fjouwer jier al wethâlder foar de FNP. Yn de koalysje mei it CDA en CU hat de FNP in grut tal punten út it ferkiezingsprogram wier meitsje kind. Sa ha de doarpen no beskikking oer in eigen fûns ûnder de passende namme “It is oan jo”.

Al sa'n 70 projekten binne tasein út it doarpenfûns en de FNP wol de kommende jierren de doarpen hjir noch mear yn stypje. Ek op it mêd fan sport en kultuer hat de wethâlder him ynset foar goeie foarsjennings lykas renovaasje fan de Skierstins en in multifunksjoniel sintrum yn Feanwâlden. Yn Damwâld wurdt in nije sporthal boud as ferfanging fan “de Boppeslach”.

De FNP wol ek foar de kommende fjouwer jier doelen berikke foar de ynwenners fan Dantumadiel. Emke Peterson is neist listlûker ek wer beskikber as wethâlder foar de
partij.


Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)