Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP wol ta op in wynmûne frij Fryslân

Ynvestearje yn oare foarmen fan echt duorsume enerzjy

 Jan 2011 lyts    

De FNP wol ynvestearje yn nije foarmen fan echt duorsume enerzjyproduksje dy't by Fryslân passe en gjin skea dogge oan ús prachtige lânskip.

 

Jan Visser, kandidaat Steatelid

 

Reaksje?  Mail j.visserfnpdongeradiel.nl

 

    

De FNP set grutte fraachtekens by de duorsumens fan de enerzjyproduksje mei wynmûnen. De bydrage fan wynmûnen bedraacht mar sa'n 0,5 % fan it ferlet oan elektrisiteit. De oanslach op it Fryske lânskip is grouwelich. Mei in mêsthichte fan 100 meter binne se hast like heech as it heechste gebou fan Fryslân, de ‘Achmeatoer' yn Ljouwert.

 

Neffens de FNP binne de boargers fan Fryslân te min heard oangeande it nije wynmûnebelied. It foarstel dat no troch Deputearre Steaten dien wurdt is tefolle rjochte op de belangen fan eigners fan en ynvestearders yn wynmûnen.

 

Fryslân waard yn 2010 noch keazen ta fierwei de moaiste provinsje fan Nederlân. De FNP fynt dat dit ek sa bliuwe moat. Dat is goed foar de ynwenners fan Fryslân, foar it toerisme en de ekonomy.

 

 

          



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)