Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Kultuerbelied Fryslân is en bliuwt Fryske ferantwurdlikheid

Grins kin net sprekke foar ús provinsje

FNP Annigje Toering   

Der komt op fersyk fan de FNP in debat yn de Steaten fan 16 febrewaris oer it nije kultuerbelied fan it regear. De FNP fynt it ûnbesteanber dat it Ryk tenei allinnich noch ûnderhannelet mei de 9 grutste stêden oer kultuer en net mear mei de provinsjes. FNP-er en keamerlid Hindrik Ten Hoeve hat tagelyk oankundige om yn de Earste Keamer fragen te stellen oan steatssiktaris Halbe Zijlstra. De FNP wiist op de bysûndere posysje fan Fryslân op it mêd fan taal en kultuer.

 

Annigje Toering

 

Reaksje? Mail toeringsis.fryslan.nl

 

 

De FNP  is slim ûngerêst oer de plannen om de ferantwurdlikheid foar it Fryske kultuerbelied yn hannen fan Grins te lizzen. De bysûndere posysje fan de Fryske taal en kultuer driget yn de knipe te kommen. Wurdfierder Annigje Toering:  ‘Soks heart troch Fryslân sels behertige te wurden. It is net goed dat Grins foar ús ûnderhannelet oer de totale Fryske kulturele ynfrastruktuer. Doel fan it regear is om te besunigjen op kultuer. Dan is it fansels makliker praten mei 9 wethâlders.' Neffens Toering leit der krekt in grutte ferantwurdlikens foar it Ryk om de Fryske kulturele ynfrastruktuer en aktiviteiten bliuwend te stypjen. Ek sjoen de Europeeske ôfspraken dy't der lizze. It giet om Ryksjild dat bygelyks Tryater en Tresoar krije foar har taak op it mêd fan Fryske taal en kultuer.

 

De steatssekretaris fan Kultuer moat stevich besunigje op syn kultuerbelied en praat dêr oer mei 9 grutte stêden. De stêd Grins soe yn dizze opset de belangen fan it Fryske kultuerbelied behertigje moatte. De FNP set dêr grutte fraachtekens by. In Grinzer dy't de Fryske kultuer fertsjinwurdiget is net foar te stellen, neffens wurdfierder Annigje Toering. 'It falt ús ek ôfgryslik ôf fan in Fryske steatssiktaris fan Kultuer dat der yn dit ferhaal mei gjin wurd oer kultuer yn de Twadde Rykstaal of oer de bysûndere posysje fan Fryslân rept wurdt.'

 

Foar de Steaten fan kommende woansdei hat de FNP in ynterpellaasje oanfrege. Annigje Toering sil it kolleezje dan befreegje wat krekt de stân fan saken is. Fierder wol de FNP witte hokker prikken yn it wurk setten binne om Fryslân as selsstannige ienheid oan tafel te krijen.

Earste Keamerlid Hindrik ten Hoeve sil tagelyk keamerfragen stelle.    

 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)