Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP: plan OZB-frije sônes yn krimpgemeenten

Hûs keapje mei belestingfoardiel

FNP Annigje Toering     

Fryske gemeenten mei befolkingskrimp moatte OZB-frije sônes wurde. Dat stelde de FNP yn it earste grutte ferkiezingsdebat yn Post Plaza yn Ljouwert.

 

Frijstelling fan belesting soe minsken motivearje moatte om wenjen te bliuwen yn krimpgemeenten of om dêr in hûs te keapjen. Neist de OZB binne ek oare maatregels nedich. De gemeenten krije yn it plan kompinsaasje fan it Ryk. It giet gau om hûnderten euro's per hûshâlding dat de minsken per jier besparje kinne. Ek de bedriuwen hawwe der foardiel fan.

 

Annigje Toering

 

Reaksje? Mail toeringsis.fryslan.nl

 

 

De gemeenten soene neffens de FNP troch it Ryk kompinsearre wurde moatte foar de derving fan belestingynkomsten. Krimpgemeenten yn Grinslân, Limburg en Seelân falle al ûnder it Ryksbelied foar de krimp. Noardeast- en Noardwest-Fryslân noch net. De provinsje soe hjir by it Ryk op oantrúnje moatte yn it plan fan de FNP. ‘Jo sjogge dat sokke belestingmaatregels direkt ynfloed hawwe op it gedrach fan minsken. Dat docht bliken út de spektakulêre ferkeap fan sunige auto's mei legere belesting.'

 

OZB frijstelling is net de iennichste maatregel dy't nedich is neffens de FNP. It giet ek om oar ‘flankearjend belied' om ferstannich mei de befolkingskrimp om te gean. It behâld fan foarsjennings foar de leefberheid, goed ûnderwiis en berikberheid moatte provinsje en gemeenten har ek foar ynspanne. In belangrike opjefte leit ek yn de wentebou. Ferâldere wenten moatte ferfongen wurde troch goede nije: foar starters, libbensrinbestendich foar âlderein, net te djoer en enerzjysunich.

 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)