Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Nijsbrief nr. 6 FNP kampanje 2011

FNP bêst sichtbere partij yn de kampanje

 1 maart 2011

 

 

Dizze nijsbrief

Dizze nijsbrief hat ta doel om de FNP-efterban en oare nijsgjirrigen op de hichte te hâlden fan de FNP-kampanje foar de Provinsjale Steateferkiezings. Dy ferkiezings wurde hâlden op 2 maart 2011.

Jo meie dizze nijsbrief trochstjoere oan oare minsken dy't sympaty hawwe foar de FNP en syn tinken.

 

kampanjelogo 2011

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Zeppelin op wynmûne-hichte

Juster - moandei 28 febrewaris - hat de FNP by Reduzum in Zeppelin fleane litten op 100 meter hichte. Doel: sjen litte hoe heech de wynmûnen wurde dy it regear en de provinsje op ferskate plakken yn Fryslân delsette wol. As dy plannen trochgeane, sille wynmûnen it Fryske lânskip oerhearskje. Mar dat is net it iennichste beswier. Al sa wichtich is it feit dat de mûnen net it miljeufoardiel bringe dat men lang ferwachte fan dizze technology.

De aksje wie goed foar in grutte foto op de foarside fan it Friesch Dagblad.

 

Zeppelinaksje FNP

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

FNP best sichtbere partij

De FNP is mei ôfstân de meast sichtbere partij yn dizze ferkiezingskampanje. Oeral yn de provinsje steande de FNP-buorden, elts hûs hat in struibrief hân, der wurdt wakker twittere en de media - ek lanlike - besteegje rom oandacht oan de iennichste echte Fryske partij.

En foaral: de ôfrûne wiken wienen hûnderten FNP-frijwilligers yn de doarpen en de stêden aktyf om de FNP-boadskip oer te bringen. De foto's sprekke foar harsels.

 

kampanje op it Bildt 26 02 11 004

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Opinypeiling: wêr kaairol foar FNP-senator

Hindrik ten Hoeve efteroer leunend lytsAs de opinypeilings klopje, hat it regear nei 2 maart yn de Earste Keamer de stim fan FNP-senator Hindrik ten Hoeve noadich om har plannen út te fieren. Neffens de peilings (ûnder oaren http://www.synovate.nl/content.asp?targetid=719) krijt it kabinet op ‘e nij gjin meartal yn de senaat.

 

 

 

 

 

Sintrale as

Oer de Sintrale As moat de Ried fan Steat har no útsprekke. Underwilens is der gjin beweging op dit ûnderwerp.

De FNP bliuwt foar bettere berikberheid fan Noardeast-Fryslân, mar wol it fierstente djoere plan foar in 4-baans fariant fan tafel hawwe. Klik hjir nei de FNP-plannen dy't al yn 2006 yntsjinne binne. Nei de útspraak fan de Ried fan Steat kin der in nije politike sitewaasje ûntstean. Dan binne der faaks nije kânsen om de alternativen wer nei foaren te bringen.

 

 

Slagge busreis troch Fryslân

Op 26 febrewaris ried de knalgiele Gaasterlân-express as FNP-kampanjebus troch Fryslân. Sa'n tweintich FNP-pommeranten - ûnder oaren listlûker Annigje Toering en kandidaat-deputearre Johannes Kramer - gongen yn petear mei it Fryske publyk yn It Hearrenfean, Drachten, De Westereen, Damwâld en Snits.

 

Drachten de hiele ploech

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Weth lder Willemsma 

 

 

 

 

 

 

 

 

is it jo sa d dlik 

 

 

 

 

 

 

 

 

Geert hald dy yn 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Folmachten brûke

Kinne jo kommende woansdei sels net te stimmen, soargje dan dat famylje of freonen it foar jo dogge. Op de stimkaart dy't jo fan jo gemeente krigen hawwe, stiet wat jo dwaan moatte om in folmacht te jaan. Fansels kin it ek gjin kwea om oare FNP-stimmers dy't net nei it stimburo kinne oan te bieden har fia in folmacht te helpen.

 

 

Mear kampanjenijs fan de FNP

Mear nijs fan de FNP kinne jo hearre, sjen en lêze fia:

Ynternet: www.fnp.frl

Twitter: http://twitter.com/fnpfryslan

Annigje Toering op Twitter: http://twitter.com/annigjetoering

Hyves: http://fnpfryslan.hyves.nl/

 

kampanje op it Bildt 26 02 11 002 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Krije jo dizze nijsbrief net streekrjocht?

Hawwe jo dizze nijsbrief fia kunde krigen, mar wolle jo him tenei streekrjocht krije? Stjoer in email oan kampanjefnp.frl mei it boadskip ‘Graach nijsbrief streekrjocht'.

 

 

 

Dizze nijsbrief tenei net mear ûntfange?

Wolle jo dizze nijsbrief net wer krije? Stjoer in email oan kampanjefnp.frl mei it boadskip ‘Ôfmelding nijsbrief'.

 

 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)