Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Jkramer: FNP Ferkiezingsprogramma ek yn it Bildts!

Hjoed hat Leendert Ferwerda FNP'r en foaroanman fan de Frije Bilkerts tegearre mei my it earste eksimplaar fan it FNP ferkiezingsprogram yn it Bildts oanbean oan boargemaster Krol fan de gemeente it Bildt.

Johannes Kramer

By de oanbieding stipte Leendert Ferwerada it belang fan de streektalen yn Fryslân yn it algemien, en dy fan it Bildtsk yn it bysûnder, nochris oan.

Benammen no't Krol en Ferweragemeente 't Bildt op termyn opgean sil yn in gruttere gemeente, is de noed oer it behâld fan dizze taal grut. De FNP wol him hjir sterk foar meitsje en dat it Bildsk ek in plak krijt yn it Europeesk Hânfêst foar de Lytse Talen. Dêrmei krijt de taal mear status en kin him beroppe op mear oerheidsstipe as dat no it gefal is. 

Fierder waard ek omtinken skonken oan de súksesfolle FNP jûn yn Easterbierrum, dêr't de FNP op moandei syn oprop presentearre foar mear ideeën foar NoardWest Fryslân.

De FNP wol 20 miljoen per jier beskikber stelle foar projekten en ideeën dy't de ekonomy, de leefberens en de natuer op ús plattelân ferbetterje kinne. 

Boargemaster Krol wie wiis mei it program yn it Bildts en spruts de hope út dat mear politike partijen dat dwaan soene. Fierder neamde de boargemaster it in goede saak dat de FNP him ynspanne wol om ideeen en projekten út de regio ek foar de kommende Steateperioade in kâns te jaan. Oan de gemeente it Bildt sil it net lizze, sa hold hy Ferwerda en Kramer foar. 

It FNP program is hjir te besjen yn it Frysk, it Nederlâns, it Stellingwerfs en it Bildts



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)