Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Campus It Bildt: ynvestearje yn ûnderwiis en wurk foar de regio

Wurkbesite FNP St.Anne op 4 maart 2015

Corlienke Campus It Bildt

Fotoferslach wurkbesite FNP 4 maart 2015 oan Campus ‘Middelsee' ' op It Bildt yn St. Anne.

  

Corlienke de Jong, kandidaat nr. 2 op de FNP list en sels wurksum yn de sektor technyk fan it beropsûnderwiis.

Campus It Bildt 0 Corlienke 

De FNP waard wolkom hjitten troch de lokaasjedirekteuren Jan de Vries (CSG Ulbe van Houten, Tineke Hoekstra (De Foorakker) en Oene Krist (projektlieder foar it Learwurkplein).

Campus It Bildt 5 
De Campus 'Middelsee' kin in pioniersplak neamd wurde foar hiel Nederlân. Yn de nijbou komme nei de simmerfakânsje fan 2015 it learen en wurkjen yn Noardwest-Fryslân byelkoar. 
Campus It Bildt 4 
Net allinnich it gebou is nij. It lesprogramma fan de skoallen wurdt oanfolle mei gastlessen troch betûfte 'wurkmasters' fan bedriuwen út de regio. Dy wize fan learen riedt de learlingen perfekt ta op in oplieding (en baan) dy't by de bern past en dêr't ferlet fan is.
Campus It Bildt 1 
Fysyk komme de ferskate skoallen aansens ek yn ien gebou. It wurdt in skoalle foar sa'n 600 learlingen. Ulbe van Houten hat no likernôch 450 bern en De Foorakker 150.
Campus It Bildt 2 
 De provinsje Fryslân hat foar it projekt € 2 miljoen beskikber steld. De FNP hat dêr fan herte mei ynstimd. De bedoeling is dat it konsept fan it lear-wurk-plein skielk ek op oare plakken tapast wurdt. In hiel soad skoallen, ek fan bûten Fryslân, hawwe al belangstelling toand. 
Campus It Bildt 3 


Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)