Klik hjir nei de folsleine FNP kandidatelisten as *.pdf tekst
De boppeste 5 kandidaat AB leden FNP yn Wetterskip Fryslân |
||
![]() |
1. Sake van der Meer (70)
Mail: sake.van.der.meerfnp.frl
Wennet yn Koatstertille. Is ûndernimmer en riedslid foar de FNP yn Achtkarspelen. Hat as foarsitter fan Sportfiskerij Fryslân in protte mei wetter en it Wetterskip te meitsjen. Wol him graach ynsette foar in goed wetterbehear. Wetter en alles dat dêrmei gearhinget is fan grutte wearde foar de leefberens fan Fryslân.
|
|
![]() |
2. Jan van der Kooi (68)
Folgje my op Twitter: @ypeijsingel Mail: jan.van.der.kooifnp.frl
Komt fan Ryptsjerk. Wie earder riedslid FNP yn Tytsjerksteradiel en lid fan it FNP Haadbestjoer. Is bestjoerslid fan CNV Fakminsken. Wichtich: Lân, Lucht en Wetter freegje yntegraal behear fan it Wetterskip. Fynt dat ekonomy allinnich net liedend is. Boeren, boargers en bedriuwen hawwe in maatskiplike taak yn de soarch foar minske, bist en natuer.
|
|
![]() |
3. Anna Martha van der Mei (42)
Folgje my op Twitter: @AnnaMarthavdMei Mail: annamartha.van.der.meifnp.frl
Wennet yn Tsjom. Hat wethâlder en Steatelid foar de FNP west en is foarsitter fan de FNP ôfdieling Frjentsjerteradiel. Hast as stjoergroeplid meiwurke oan it komplekse projekt Noardlike Alvestêdefarrûte. 'Wetter hat ek in rekreative funksje, it is in wichtich part fan ús gea en dêr moatte we fan genietsje kinne.' |
|
![]() |
4. Lolke Folkertsma (61)
Folgje my op Twitter: @lolketjitte Mail: lolke.folkertsmafnp.frl
Lolke Folkersma, grut wurden yn't Heidenskip, wennet no yn Dokkum. Wie earder Steatlid foar de FNP. Is no Riedslid yn Dongeradiel en Wetterskipsman yn AB. 'Wetter is ús freon mar ek samar ús fijân. Dêrom: in multifunksjoneel Woudagemaal en it 'draaiboek iiswille' binne saken dy't dat sichtber meitsje. De FNP giet derfoar !' |
|
![]() |
5. Annigje Toering (68)
Folgje my op Twitter: @annigjetoering Mail: annigje.toeringfnp.frl
Wennet yn Mantgum. Hat har sûnt 2003 foar de FNP yn Provinsjale Steaten mei nocht en niget ynset foar Fryslân en de Friezen. De lêste fjouwer jier as fraksjefoarsitter fan ien fan de koalysjepartijen. Dy politike ûnderfining wol se no graach ynsette foar it Algemien Bestjoer fan it Wetterskip. Wetter is neffens har fan libbensbelang foar de minsken yn Fryslân en fertsjinnet dêrom alle omtinken. |