Hindrik ten Hoeve hat in stevige bydrage levere yn it mediadebat yn de Earste Keamer op 2 febrewaris en 1 maart 2016. Steatssekretaris Dekker omearmet in moasje fan Ten Hoeve om in spesjale Mediaried foar it Frysk en Omrop Fryslân yn te stellen. Hy hat tasein dat de punten fan de OSF yn de Wet fêstlein wurde sille. Der liket ek in mearderheid fan partijen yn de Earste Keamer te wêzen foar dit plan. De moasje fan Ten Hoeve bepaalt no fierhinne de kontoeren foar de nije opset fan de Omrop.
Dy wetlike ferankering is krekt wat wy woene. Dêr is earder troch de ledegearkomste fan de FNP en troch in FNP-moasje yn de Fryske Steaten ek om frege. It is better as allinnich in Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK), dêr't alle fjouwer jier op'e nij oer ûnderhannele wurde moat. En dat is winst. Omrop Fryslân krijt dochs in aparte posysje binnen it nije mediabestel mei in RPO as nij sintraal bestjoersorgaan foar de regionale omroppen.
It is wichtich om te witten dat in mearderheid fan beide Keamers al akkoart wie mei sa'n RPO. Dat is de nije politike werklikheid wêrbinnen Ten Hoeve de aparte posysje foar de Omrop beskreppe moat. As de nije wet it al hellet, kinne de besteande organisaasjes lykas Omrop Fryslân dan dochs selsstannich bliuwe, sa wie de fraach op 2 febrewaris. Dekker liet Ten Hoeve dúdlik merke dat hy dat perfoarst net wol: ‘de programmering is voor mij de hoofdzaak'. Hy fynt dy bestjoerlike selsstannigens ‘een prestigezaak'. Mar oan de oare kant, as de wet it net hellet, dan bliuwe de besteande omroppen selsstannich en moatte se de swiere besunigingen fan it regear ek hielendal sels drage.
Kearn fan Ten Hoeve syn betooch is dat de advizen fan de Kommisje-Hoekstra oer de Omrop neikommen wurde moatte: ‘Met een volwaardig, zelfstandig en breed programma-aanbod in de Friese taal. Die brede taakopdracht behoeft een structureel gedifferentieerde financiering en een afzonderlijke benadering bij de bepaling van het noodzakelijke budget.'
De moasje hat it konkreet oer:
‘.verzoekt de regering daartoe een mediaraad voor Fryslân in te stellen waarin onafhankelijke kennis en deskundigheid worden samengebracht, waarbij deze raad een extra waarborg voor de provincie Fryslân vormt om het belang van de Friese taal, cultuur en identiteit en in het verlengde daarvan de positie van Omrop Fryslân binnen het geheel van de RPO te verzekeren;
verzoekt de regering voorts deze mediaraad taken en bevoegdheden te geven die direct verband houden met voornoemde posities en belangen waaronder een instemmingrecht bij het benoemen van de hoofdredacteur van Omrop Fryslân en bij de vaststelling van de jaarplannen van de Omrop en een zwaarwegend advies bij de middelenverstrekking aan Omrop Fryslân voor een volledige en veelzijdige Friestalige programmering op radio, televisie en internet;
verzoekt de regering tevens om deze mediaraad een adviesrecht te geven voor de benoeming van de bestuurder van de RPO die het onderwerp Friese taal, cultuur en identiteit in zijn portefeuille heeft;
verzoekt de regering verder om de budgetten van Omrop Fryslân, na verwerking van de bezuinigingen, op het zelfde programmatische activiteitenniveau te waarborgen;
verzoekt de regering ten slotte op grond van het bovenstaande in samenspraak met de RPO, Omrop Fryslân en de Provincie Fryslân tot een regeling te komen en dit vast te leggen in de Bestuursafspraak Friese taal en cultuur,
Dekker achtet ien konsesje foar alle omroppen nedich om de needsaaklike gearwurking te garandearjen. Elke provinsje moat wol minimaal ien regionale omrop hâlde. Hy leit de redaksjonele ûnofhinklikens fan alle regionale omroppen yn de wet fêst.
It regear wol, ek as der gjin nije Mediawet komt, de besuniging fan 17 miljoen op de regionale omroppen trochsette. Dy is hoe dan ek al ynboekt, sei Dekker. De OSF/FNP-senator stelde dêrop dat it folslein dúdlik is dat dizze besuniging perfoarst net helle wurde kin sa't it no giet. Omrop Fryslân en de oare regionale omroppen komme sa op 1 jannewaris 2017 finansjeel yn 'e knipe. Ten Hoeve hat frege om kompensaasje foar de ekstra (friksje)kosten dy't dat opleveret. Dekker hat dêrop in tasizzing dien dat it Ryk de ekstra kosten betelje sil no't it allegear langer ûnwis bliuwt hoe't it nei 1 jannewaris komt.
Ten Hoeve stelde fierder dat de besuniging neist de ‘backoffice' en de technyk ek perfoarst de redaksje, de sjoernalistyk treffe sil. Hy neamde dat ‘in pynlike saak' no't de regionale publike omrop it dochs al swier hat. Der moat mear tiid komme. De koepel fan de ‘regionalen' ROOS hat dêr ek om frege.
Dekker en de Provinsje wolle de aparte posysje fan de Omrop - as útwurking fan de taseine wetlike bepalingen - no fierder regelje yn de BFTK. De ûnderhannelingen dêroer moatte noch begjinne en de útkomst is perfoarst noch net wis. As FNP stjoere wy, yn oparbeidzjen mei ús senator, ûnfermindere oan op in Omrop mei in aparte posysje, yn Ljouwert, wetlik regele, mei eigen aparte finansiering.
It ferfolch (mooglik in tredde termyn, stimming) komt op 8 maart.