![]() |
Opinystik Klaas Fokkinga . Jo hoege gjin klimaatfanatikus, -skeptikus of -hater te wêzen om ynvestearje te wollen yn duorsumens. Mar doch it wol sa effektyf mooglik.
Klaas Fokkinga, FNP wurdfierder Romtelike Oardering Reaksje? Mail k.fokkingafryslan.frl |
Op 21 desimber haw ik thús it gers noch mar ris meand. De meander stie al in skoftsje yn it hok, wachtsjend om yn it foarjier wer brûkt te wurden. Lykwols hie de natuer wat oars yn gedachten, it gers wie wer op meanlengte brocht en dus koe ik wer oan 'e bak. Soe dit al mei de klimaatferoaring te krijen hawwe, skeat my troch de holle doe't ik it ark troch it wiete gers treau. Wat no te tinken fan al dy berjochten oer it klimaat? De iene heechgelearde foarseit dramatyske gefolgen fan in opwaarming fan de ierde, wylst in oare net minder heechgelearde dat alles ûnsin fynt. De iene tsjirmet oer CO2 mar in oar seit dat de ierde der prima mei oerwei kin en dat der gjin reden foar panyk is. Ja, der wurdt sein dat jo as politikus better mear oandacht en jild besteegje kinne oan it kearen fan de earmoede as oan de klimaatferoaring.
As ik fanút myn tún it each stoarje lit oer fjild en lân, dan sjoch ik de seedyk lizzen yn in wiids fjild. Hoe soe it aanst komme mei ús iepen lânskip? As gefolch fan de klimaattop fan Parys útwreiding fan mûnen, ek op it lân? En hoe sit it dan mei it lûd en it slachskaad? Us buorlannen hawwe oare regels foar dizze saken. Binne wy no ûnnoazelder of sy krekt wat tûker? Pleatse we driuwende sinnepanielen yn wetters sûnder skipfeart en rekreaasje? Hoe komt it dan mei it libben yn dat wetter? Soe de sinne net mear takomst hawwe as de wyn? Of dochs mar rjochting ierdwaarmte en/of osmose?
En dan de grûn. Hoe sit it eins mei de terrestryske ekosystemen? It grûnlibben is wichtich foar in goede grûnstruktuer dy't op har beurt wer fan grut belang is foar de fiedselproduksje by in hieltyd útdijende befolking. It docht bliken dat wy minsken hielwat saken bedobje, as bygelyks nukleêr ôffal, gemysk ôffal, ôfwurke (disel)oalje. Der lekke bestridingsmiddels,dioksine ploft del en der lizze ek noch in soad munysje, radioaktyf pún en oare net neamde ûngerjochtichheden yn ús wrâldwide fiedingsboaiem. Neist it iten kin ek ús drinkwetter op termyn faai komme te stean.
Soe it sa wêze dat ús neiteam him yn de fiere takomst ôffreegje sil hoe't in slimme en technologysk avansearre soart de tekenen fan in kommende klimaatferoaring wol wist te werkennen om dêrnei te min te dwaan? As folksfertsjinwurdiger tinke jo der goed oer nei, prate der mei oaren oer, mar it falt net ta om josels in goed byld te foarmjen as de iene deskundige yn jo rjochter en in oaren yn jo lofter ear ‘ropt en raast'. En fansels is alles wittenskiplik ûnderboud, sa wurdt sein. Neist it letterlik bedobjen fan ûngerjochtichheden liket der ek in soad figuerlik bedobbe te wurden. Elts hat sa syn belangen; alles wat sa liket is noch net wier.
Lokkich haw ik leard om oan 'e ein jinsels te rieplachtsjen om ta in beslút te kommen: lit dyn eigen nochteren ferstân, dyn (seisde) sintúch en dyn hert sprekke. Sa hoege jo gjin klimaatfanatikus, -skeptikus of -hater te wêzen om dochs ynvestearje te wollen yn duorsumens, mar dan wol sa effektyf mooglik. Wy moatte in duorsume wrâld neilitte oan de kommende generaasjes. Net potfertarre, mar hieltyd wer sykje nei ekonomyske besteansfoarmen dy't in better lykwicht garandearje tusken konsumearjen en konservearjen. Mar... jo moatte net alle aaien ûnder ien hin lizze wolle.
Klaas Fokkinga is steatelid foar de FNP
Dit artikel is earder ferskynd as Opinystik yn de LC fan 6 jannewaris 2016