FNP freget eigen EFA fraksje yn Brussel om stipe foar Omrop
It skrassen fan de selsstannigens en swiere besunigingen op de Omrop binne yn striid mei ferskate Europeeske ferdraggen en mei it belied fan de Europeeske Uny sels, sa stelt fraksjefoarsitter Terricabras.
It Nederlânske regear giet te maklik oer de unike posysje fan de Fryske stjoerder hinne. It Frysk as offisjeel erkende regionale taal binnen de lidsteat Nederlân moat syn bestjoerlike autonomy en finansiering behâlde, falt te lêzen yn de yntsjinne fragen fan de EFA. It probleem spilet oars ek yn oare lidsteaten fan de EU, lykas mei de stjoerder S4C yn Wales.
Fraksjefoarsitter Terricabras fan de EFA ûnderbout syn fragen mei ferwizing nei it Europeesk Hânfêst foar Lytse Talen, bepaalde kêsten by it Europeeske Ferdrach fan Kopenhagen (ECMRL), it Europeesk Ferdrach foar de Minskerjochten (ECHR) en it Ramtferdrach foar de beskerming fan Nasjonale Minderheden (FCNM). Al dyferdraggen binne troch Nederlân ratifisearre en soenen deade letters wêze as Nederlân as lidsteat him dêr net oan hâldt.
De EFA wol dat de Europeeske Kommisje op basis fan dit belied no it Nederlânske regear op syn ferantwurdlikheden oansprekt. Doel moat wêze it behâld fan bestjoerlike selsstannigens en in aparte finansiering fan De Haach foar de Omrop. Terricabras: "De Europeeske Uny hat himsels ferplichte om de regionale- en minderheidstalen en de taalkundige diversiteit yn Europa te befoarderjen.'
‘It belang fan TV en radio foar it behâld en de ûntwikkeling fan in taal moat net ûnderskat wurde. It Nederlânske regear hat de soarchplicht om te garandearjen dat in minderheidstaal binnen de steatsgrinzen oerlibje en groeie kin. De foarnommen besunigingen binne in bedriging foar de finansjele takomst fan Omrop Fryslân en foar de bestjoerlike autonomy.‘