![]() |
De FNP hat kontakt opnommen mei de Europarlemintspartij EFA yn ferbân mei mooglik geweld en bedrigings fan de Sorben troch neonazi's. De partij hat noed oer dy Slavyske minderheid nei berjochten yn de Dútske media dat in grutte groep neonazi's ‘jacht' op se makket.
Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Europa
Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl
|
Neffens berjochten yn de media en in filmke op ynternet wurde de Sorben yn de Lausitz (gebiet tusken Dresden, Tsjechië en Poalen yn) al moannenlang ‘terrorisearre'. Media sprekke fan talrike foarfallen wêrby't Sorbysk-pratende besikers fan jeugdklups troch neonazi's mei in masker foar bedrige en oanfallen wurde. It Sorbyske dakferbân, de Domowina, hat al help oanfrege fan de bûtenwrâld. De FNP hat no oan de EFA frege om kontakt op te nimmen mei de Sorben om nei te gean hokker maatregels nommen wurde kinne om it geweld tsjin te gean en wat ‘Europa' dêryn betsjutte kin. Neffens Steatelid Sybren Posthumus ‘is it heech tiid foar aksje om de Sorben te beskermjen tsjin it ekstreem-rjochtse geweld'.
De Sorben binne in autochtoane minderheid yn Dútslân en wenje mei sa'n 60.000 minsken yn de dielsteaten Brandenburg en Sachsen.
Filmke op ynternet: http://www.mdr.de/exakt/video234614.html
Foar mear ynformaasje oer de EFA sjoch www.e-f-a.org