Direkte oanlieding foar de fragen binne kontakten fan de FNP mei ynwenners út Bitgummole. Dêrneist wurdt yn de LC fan 16 febrewaris 2019 beskreaun hoe’t sokke lanskipsstruktueren en -eleminten yn de omkriten fan Bitgummole de lêste jierren fierder oantaast binne. De Stifting Ringsom Great Terherne hat de Steaten dêr mear as ien kear troch brânbrieven fan op ’e hichte steld. Ek út oare hoeken fan Fryslân wei krije de Steaten geregeldwei berjochten dat lânskiplike wearden en kultuer-histoarysk weardefolle eleminten geandewei ferdwine, ferbrokkelje en soms letterlik ferflakje.
Beskerming kultuer-histoaryske struktuer
De FNP sil no op 27 febrewaris freegje hoe’t de beskerming fan kultuer-histoaryske en kultuer-lânskiplike struktueren en eleminten yn de praktyk hannen en fuotten krijt. Dy binne fan provinsjaal belang. De romtelike kearnkwaliteiten fan Fryslân binne dan ek fêstlein yn it beliedsstik ‘Grutsk op ’e Romte’ fan 2012. De provinsje seit dêr sunich op te wêzen. Se moatte dan ek yn de gemeentlike bestimmingsplannen beskerme wurde. De provinsje hifket de bestimmingsplannen hjirop foardat se fêststeld wurde kinne. De gemeente en oare oerheden moatte dêrnei konkrete fergunning-oanfragen, frijstellingen en hanthavening fersoargje.
Ynterview op Omrop Fryslân oer de beamsingels