NIJS   12-03-2019


Ús ynset foar Ljouwert

Op 20 maart giet Fryslân wer nei de stimbus. Wa kieze jo foar de Provinsje?



"De partij foar lânskip, natuer en goed iepenbier ferfier. " (Ús ynset foar Ljouwert)

Al sûnt 1962 binne wy der foar alle ynwenners fan Fryslân. Wy sette ús skouders ûnder de mienskip, foar mear ynspraak en sizzenskip. Mar foaral ek foar it behâld fan it lânskip, de eigen identiteit en goed wenjen en wurkjen yn Fryslân.


1. Kuierje en fytse yn in lânskip fol greidefûgels

Deputearre Kramer set yn op it herstel fan skries en ljip

We binne al in skoftke wekker skodde: it giet net goed mei it tal greidefûgels yn Fryslân. Dêrom is Johannes Kramer as deputearre al in tal jierren aktyf dwaande om pykjes sa goed as mooglik oerlibje te litten.Om Ljouwert hinne komst kuierjend en fytsend fûgelkykhutten tsjin. Lit ús (berns)bern ek it lûd fan de maitiid belibje!


2. Mear húsdoktersposten yn Ljouwert

Hjir is yn 2017 troch de FNP al omtinken foar frege

Earlik is earlik: per 1 april 2019 komt der mei MedTzorg op it Cambuurplein in ekstra húsdokterspost yn de stêd. Mar it tekoart oan soarch is der noch hieltyd. De FNP-fraksjefoarsitster frege al yn 2017 om aksje om it tekoart oan húsdokters yn Ljouwertoan te pakken. En dêrmei ek foar Fryslân. Wy hâlde ‘de finger oan de pols' en jouwe wer lûd foar mear húsdokters yn Ljouwert at dat nedich is.

 

3. In flugge treinferbining mei de Rânestêd

Earste testrit hat west: no trochpakke

De stêd Grins hat in bêste lobby fierd. Fryslân die dat ek mei FNP-deputearre Kramer. Begjin 2019 wie der in treinrit dy't in kertier ôfsnobbe fan de normale reistiid (2,5 oere). Tanksij de snelheid fan 160 km yn it oere en minder tuskenstops moat it slagje de reistiid mei in healoere te bekoartsjen. ProRail moat ek oerhelle wurde om Ljouwert in flugge ferbining te gunnen. De FNP giet der foar!

 

4. Huzen yn de doarpen bouwe

Foar de leefberens, dus ek bouwe yn doarpen lykas Stiens, Mantgum en Grou

Ynwenners fan de Zuidlanden jouwe al sinjalen ôf dat der tefolle boud wurdt yn Ljouwert-Súd. De FNP is it dêr mei iens. En docht in ynkringende oprop om krekt yn de doarpen te bouwen. Doarpen lykas Weidum, Mantgum, Reduzum, Stiens en Grou bliuwe sa leefber. Bewenners fan de nijbouwiken yn de stêd hâlde sa frij útsicht.

 

5. Op nei 100% biologyske lânbou yn Fryslân

Supermerken lykas Lidl en Albert Heijn binne al dwaande

Wy sjogge it at we de kuolkast iepen dogge: hieltyd mear minsken ite biologysk. Dat is net allinne sûn, mar ek goed foar de natuer. Net dat dit fan de iene op de oare dei kin, mar de FNP set yn Fryslân yn op 100% biologysk buorkjen. Foar de takomst. Net allinne supermerken sjogge dat de klant dit wol. Yn oare Europeeske lannen lykas België, Eastenryk en Denemarken bart soks al gewoan. It hâldt ek yn dat we ús boeren mear wurdearje, dat we foar biologysk iten wat mear betelje wolle.

 

6. Doarpen, stêden en wenwiken wurde stipe mei 15,8 miljoen út it Iepen Mienskipsfûns

De FNP stie oan de widze en wol fierder mei dit súkses

It brûst yn Fryslân fan de inisjativen. Deputearre Johannes Kramer: "It IMF ferbynt minsken mei elkoar en liedt ta prachtige resultaten. Yn 2017 hawwe we 319 projekten fan, troch en út de mienskip stypje kinnen mei jild út it Iepen Mienskipsfûns." Mei dat jild wurkje ynwenners oan de leefberens yn harren eigen wyk, doarp, stêd of op ien fan de eilannen te ferbetterjen.



Tags: ferkiezings

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer